Nijs – maart 2016

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Wy ha mar in drokke tiid mei ús korps. Op 6 febrewaris lêstlyn wie dêr it jierlikse federaasjefestival fan korpsen út Menameradiel. Op ien nei wienen alle korpsen út ús gemeente dêr fertsjintwurdige en allegearre spilen wy in programma fan in goeie tweintich minuten. In grut ferskaat oan muzyk kaam foarby en der wie wol aardich publyk, dat it wie wer in tige slagge jûn. No binne wy hurd oan it oefenjen foar ús foarjierskonsert, dat kommende sneon 12 maart op it program stiet. Jim ha grif de posters al hingjen sjoen, of de flyer troch de brievebus krigen. Mei in solist fan wrâldklasse wolle wy jim wer in ûnferjitlike jûn besoargje. De tagong is fergees, dat dêr hoecht it net om oer te gean. Kom wol op ‘e tiid, dan binne jim wis fan in moai plakje. It konsert begjint om 20:00 oere.

Rommelmerk

Libbe is lykas as wenst al wer it hiele jier op paad om âld guod op te heljen foar ús jierlikse rommelmerk. It wie lykwols lang ûnwis oft wy dit jier wol rommelmerk ha koenen, want lykas jim witte ha wy ferline jier foar it lêst by Tsjisse yn ‘e loads west en der moast dus socht wurde om in gaadlik alternatyf. Dat siet ús net glêd. Libbe hat op tal fan plakken oan west om ris te freegjen, syn sjarmes yn ‘e striid goaid, praat as Brugman, mar it joech allegearre neat. It wie en bleau nee, wêr ‘t er ek kaam. 

Úteinlik ha wy doe de Molewjuk oan west om te hearren wat dêr eventueel mooglik wie. It is fansels gjin loads, der is minder romte, mar mei in tinte derby soe it kinne. Sa sil it no ek gean: op 27 april ha wy dus gewoan wer rommelmerk. Om ien oere de middeis geane de doarren iepen by de Molewjuk. Wy hoopje dat jim ús dêr ek wer witte te finen. Terrasmeubilêr, wiet en droech binne as fanâlds te krijen!

Toon Toeter

Yn jannewaris is ek it Toon Toeter-projekt wer fan start gien. Us koperdosint Gatse Hylkema giet alle moandeitemiddeis nei CBS Mooitaki om dêr de bern út groep 5 yn ‘e kunde komme te litten mei muzyk. Earst in pear wiken sûnder ynstrumint fan it korps, mar no is it dan sa fier dat alle bern in kornetsje brûke meie. Oan ‘e ein fan it projekt sil der wer in konsert wêze fan dizze jonge oanwaaks en it jeugdkorps. Alle jierren bliuwe der wol ien as twa learlingen oer dy ‘t trochsette! Dit jier sil der foar it earst ek noch in pear kear apart omtinken jûn wurde oan it grutte ferskaat oan slachwurkynstruminten. Want in korps hat fansels net allinnich altyd ferlet fan blazers, sûnder slachwurkers kinne wy likemin. Wy hoopje dan ek fan herten dat der wer bern kieze foar muzykles en dat se fiele sille dat muzyk in hobby foar it libben is.

Oant safier, tenei mear,
Martsje