Nijs – novimber 2017

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Wat belibje wy in tiid fan utersten mei ús feriening. Nei it ferstjerren fan ús Syds Rondaan en it spyljen by de routsjinst moasten wy de knop omsette rjochting de Nederlânske Brassband Kampioenskippen. Dat fielde dûbeld, mar dat Syds dúdlik sein hie dat wy trochsette moasten en dat er hiel graach woe dat wy nei de NBK gongen, holp dêr wol by. En sa gongen wy in pear dagen nei it ôfskied op stúdzjewykein nei Musselkanaal. In wykein fan gesellich by elkoar wêze, neiprate oer de ôfrûne, swiere perioade, mar ek laitsje om filmkes fan eardere wykeinen, mei Syds noch op syn fertroude plakje.

Rippetearje dienen wy fansels ek. Lang en fûl. Mei elkoar en yn groepen. Tusken de bedriuwen troch makken wy in heale baarch soldaat. Want by Looft den Heer hat it barbequewaar altyd in 10.
Yn de wiken dy’t  folgen krigen wy stadich mar wis de macht oer it ferplichte wurk en bekrûpte ús it gefoel dat wy dit wolris hiel moai spylje kinne soenen. Us dirigint Gijs leaude der yn en wy begongen der ek yn te leauwen.

 

NBK

Op freed 27 oktober wie it dan sa fier. Mei elkoar nei Utert, nei Vredenburg om dêr ús útfiering te jaan fan ‘A Journey to the Bermuda Triangle’. In nij wurk, spesjaal foar de kampioenskippen skreaun troch de jonge Thaiske komponiste Pimpanit Karoonyavanich. In stik hast like yngewikkeld en ûngrypber as har namme. Mar it lei ús, dat fol fertrouwen stapten wy jûns om acht oere as earste fan ‘e tredde divyzje it poadium op.  

De útfiering dy’t wy joegen wie it bêste dat wy yn hûs ha en it publyk reagearre entûsjast, al wisten de measten net rjocht wat se fan it stik fine moasten.

Doe begong it lange wachtsjen. Wy hearden ek guon oare bands spyljen en der wienen prachtige útfieringen by. Om alve oere wie it safier dat de útslach kaam. It begong al geweldich, doe’t ús slachwurkers útroppen waarden ta bêste slachwurkseksje fan ‘e jûn. Wat in eare en wat in grutte opstekker foar Johannes, SytzeKlaas, Gert en Duncan.

 

Kampioen

Dêrnei dan de útslach dêr’t wy sa benijd nei wienen. It is al fijn as je by de lêste trije sitte, mar dán! Se begjinne dan mei de nûmer trije. Dat wie Greidebrass. Doe de spanning opdriuwe fansels. De sjuery hie it dreech hant, de punten sieten ticht by elkoar. Twadde, mei 91 punten.... Gereformeerde Brassband Groningen. Wy ha ús de longen út it liif roppen en raasd. Kampioen! Net te leauwen, de ûntlading wie sa ferskriklik grut, it klonk en davere hiel Vredenburg troch. Hjir kamen bliidskip en fertriet sa ticht by elkoar. Dit wie it moaiste momint om kampioen te wurden, dizze is foar Syds!

Oant safier, tenei mear,

Martsje