Nijs – jannewaris 2020

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Alderearst wol ik út namme fan ús feriening elk in goed 2020 tawinskje en tanksizze ek dat jim ús ek yn 2019 wer stipen by ús aksjes en presint wiene by konserten. Wy hoopje jim yn it kommende jier ek wer te treffen en dat wy dan oan ’e ein fan 2020 sizze kinne: ‘Wat ha wy it wer moai hân mei-inoar.’

Diploma’s
Yn novimber en desimber diene fjouwer learlingen fan ús feriening praktykeksamen. Jetze Klaas Dijkstra op cornet en Geeske Stelwagen op alt hellen harren B-diploma. Jelmer Mollema en Rixt Stelwagen hellen harren A-diploma op slachwurk. Fan herten lokwinske alle fjouwer, wy binne grutsk op hoe’t jim it dogge!
Tijs Dijkstra die audysje foar de Europeeske Jeugdbrassband. Hy heart begjin 2020 wat de sjuery fan syn blazen fynt en oft er oanskowe mei yn dit ynternasjonale keurkorps.

In ballonfeart winne
Begjin jannewaris komme wy hûs oan hûs del yn ús doarpen om lotten te ferkeapjen. Se kostje €2 it stik en 3 foar €5. Dêrmei meitsje jo kâns op ferskate prizen, wêrûnder rollades en fleispakketten, of in lekker itentsje. Mar grutsk binne wy op ús haadpriis, want de winner fan de ferlotting wint in ballonfeart foar twa persoanen, by Ballonvaren Friesland. Jim kinne kieze út in grut tal opstapplakken, bygelyks Stiens of Ljouwert.
De trekking fan ús ferlotting is op sneon 25 jannewaris by it iepeningskonsert fan ús jubileum. Dat begjint jûns om 20:00 yn de PKN-tsjerke yn Bitgummole en de seal is om 19:30 iepen. De tagong is fergees.

It boek oer Looft den Heer
Op sneon 4 april, as wy jubileumfeest en reüny hâlde, wurdt jûns by it konsert yn ’e tsjerke it boek presinteard oer ús feriening. Dat boek hat noch gjin offisjele titel, sadwaan ‘it boek’. Hjirboppe ha jim in lyts stikje skiednis lêze kinnen, mar yn it boek komt alles yn wurd en byld fansels noch moaier oan ’e oarder.
Om’t wy graach in yndikaasje ha wolle hoefolle boeken wy drukke litte moatte, soe it moai wêze as jim efkes in mailtsje dogge martsjedejong@gmail.com, of it efkes oanjouwe op it oanmeldformulier foar de feestdei fan 4 april, as jo ek ien (as mear) bestelle wolle. De kosten binne €12,50 it stik.

Oant safier, tenei mear,
Martsje