Nijs – febrewaris 2024

Nei alle drokte fan Brassband Kampioenskippen en Krystkonsert soene je sizze dat wy efkes kalm oan
dogge, mar neat is minder wier. Krektoarsom, it gaspedaal wurdt oan ’e boaiem ta yndrukt om’t wy
op sneon 9 maart meidogge oan it konkoers yn de Lawei yn Drachten. Meidwaan moatte eins, want
ien kear yn de fiif jier is dat ferplichte om hearre te litten dat je terjochte yndield stean yn de divyzje
dêr’t je op de Brassband Kampioenskippen yn útkomme. Dan makket it neat út as je no twadde
wurden binne, of lêste. Op it konkoers moatte wy ferplicht twa grutte wurken spylje en in
ynspylwurk. Dy grutte wurken stean yn in spesjale list, sadat je wol in stik ‘op nivo’ útkieze moatte.
De ‘Lakeland Variations’ dy’t wy op de NBK spile hawwe, kinne wy dus moai noch in kear hearre litte,
mar dan moat der dus ek noch in twadde konkoerswurk by. Wy hawwe keazen foar ‘Lions of
Legends’, in absolút prachtich stik. En spektakulêr ek, in genot om te spyljen én te hearren. Stel it jo
mar sa foar: de liuw as de machtige kening fan ’e bisten, dy’t sierlik mar driigjend oer de savannen
draaft op ’e syk nei in lekker hapke. Hy brult wyld en yndrukwekkend, in moaie rol foar Johannes
Sybrandi (fan Feike en Cobe) op ’e pauken. Je soene der benaud fan wurde. Dan komt it stuit dat er
in keppel buffels sjocht en syn proai útkiest. In wylde efterfolging, in sprong én hap, hy hat der ien te
pakken. Dêr is foar dy buffel net folle oan, mar it smyt prachtige muzyk op. As er de buffel efter de
kiezzen hat, jout er him noflik del om te bekommen. Net foar neat pronket de liuw op safolle wapens
en emblemen, as symboal fan grutskens, macht en oerwinning.
Dit alles moatte wy dus út sjen te byldzjen yn ‘Lions of Legends’ en dêr wurkje wy hurd oan. Mochten
jim no op in tiisdeitejûn in frijwilliger fan de Molewjuk mei in kûgelsfeart de Van Aismawei del draven
sjen, dan witte jim dat wy aardich yn ús misje slagje.
Wolle jim it stik hearre – en dat is echt in oanrieder – kom dan op sneon 10 febrewaris nei it
Waadklank Korpsefestival yn de tsjerke fan Bitgummole. Dêr spylje wy middeis om 17.00 oere en sille
wy dit stik foar de earste kear útfiere foar publyk. Fan herten wolkom, de tagong is fergees en
omtrint alle korpsen út Waadhoeke sille dy jûns spylje, dat der is noch folle mear te hearren en te
sjen. Elk korps spilet in programma fan in heal oere, dus it bliuwt net by ien grut wurk allinnich.

Poeisz Jeugd Sponsoraksje
De Jeugd Sponsoraksje fan de Poeisz giet ek wer los. Fan moandei 12 febrewaris oant en mei snein 7
april ‘moatte’ jim allegear wer nei dy supermerk ta om sponsormunten te garjen. De buis fan Looft
den Heer is wer bedoeld foar jeugdkorps De Toeterbende en hy stiet yn Menaam. As jim dus earne
oars winkelje en munten ophelje, smyt se even by my, of ien fan de oare korpsleden troch de bus,
dan soargje wy wol dat se teplak komme.
Wy binne hiel bliid dat wy wer selektearre binne om mei dizze aksje mei te dwaan, want dêrmei
stypje wy ús hieltyd grutter wurdende jeugdkorps. Wy brûke it jild om bygelyks de dirigint en nije
muzyk mei te beteljen, mar ek om de kosten te dekken foar as de Toeterbende meidocht oan
bygelyks in festival.
Wy soene it geweldich fine as jim de kommende twa moanne oan ús tinke by it boadskipjen!

Oant safier,
Martsje