Nijs – april 2018

Nijs fan Brassband Looft den Heer

De maitiid is los en dus komt de rommelmerk der oan. Wat ha wy der in sin oan! Op 27 april om 13:00 gean de doarren wer iepen en de linten los op it Molewjuksplein. Elk is fan herten wolkom, slaan jim slach en fyn de moaiste saken foar it lytste pryske. Wytguod, meubels, servys, antyk, boeken en klean, der is gjin nee te keap. Om 14:00 begjint de ferkeap by opbod fan de bysûnderste stikken fan dit jier en dêrnei is der wer it ‘draaiend rad’, lykas alle jierren stiiffol mei prachtige prizen. Tusken de bedriuwen troch binne der hamburgers en drinken te keap. Wat wolle jo noch mear?
Wy ha al in soad guod, mar fansels kin der altyd mear by. As jo Libbe efkes skilje, dan hellet er it graach by jo op. Syn nûmer is 2531705.
De moarns fan Keningsdei spylje wy tradysjegetrou wer yn ’e optocht. Der binne dit jier in pear nije marsen te belústerjen, dat ik soe wol sizze wolle: kom massaal nei bûten en lit jim sjen en hearre. Net allinnich foar ús, mar ek foar al dy berntsjes dy’t sa ferskuorrend har bêst dogge om sa moai mooglik foar it ljocht te kommen by dizze optocht.

 

Drok, drok, drok

As korps ha wy it yn ’e maitiid altyd fleanende drok. Wy ha op konkoers west, op 10 maart yn De Lawei yn Drachten. Dêr hellen wy dik 89 punten en dat wie in earste priis, mei rjocht op promoasje nei de twadde divyzje. Dat lêste dogge wy mar net, mar wy wienen fansels wiis mei dit resultaat.
As jim dit lêze hat it solistefestival foar de jeugd ek al west, op 7 april wie dit. De oare kear fertel ik hjir wat mear oer.
Yn ‘e tuskentiid riede wy ús ta op de folgjende wedstryd: it Surventofestival yn Surhústerfean. Hjir ha wy ferline jier de titel wûn mei ús entertainmentprogram en dit jier wolle wy graach ús titel ferdigenje. Der wurdt alwer drok rippeteard.

 

Geraniums

Yn ‘e wike fan 7-11 maaie komme wy wer lâns de doarren mei geraniums. De iishilligen ha dan sawat west en dus kinne de blombakken mar wer fuld wurde. Steanders en hingers, yn ferskate kleuren, der is foar elk wol wat by. Wy rinne op moandei 7, woansdei 9 en freed 11 maaie, jûns fanôf in oere as sân troch de doarpen. Wolle jo der wis fan wêze dat jo net efter it net fiskje? Lit it efkes witte. Ek hjir jildt: Libbe efkes skilje.

 

Pinkster

Op snein 20 maaie begeliede wy wer de Pinkstertsjinst by it Poptaslot yn Marsum. Dit is altyd in feestelik barren, dêr’t wy mei in soad nocht oan meiwurkje. Smûk en bysûnder, kom ek mar, it is de muoite wurdich.

 

Slotkonsert

As skylk it seizoen op syn ein rint, jouwe wy noch ien kear in konsert. Dat wurdt dit jier in hiel bysûnder konsert, sa as wy dat noch net earder dien ha en jim dat hjir ek noch net earder sjoen ha. Hoe en wat hâld ik noch lekker efkes ûnder de pet, mar as it safier is, lêze jim dat fansels. Set it mar fêst mei dikke reade letters op jim kalinder: Freed 6 july, in spektakel fan jewelste.

Oant safier, tenei mear,
Martsje