Nijs – febrewaris 2020

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Wat ha wy in prachtige jûn hân, freed 25 jannewaris by it iepeningskonsert fan ús jubileumjier. De tsjerke siet fol! Grutsk fiele wy ús mei sa’n moai jeugdkorps en dêrneist ek noch sa’n slachwurkensemble. It poadium wie suver te lyts om elk plak te jaan, mar it slagge al en dan mei-inoar muzyk meitsje, dat wie, foar ús yn elk gefal wol, it hichtepunt fan ’e jûn.

Wa wûn de ballonfeart?

Bûten dat hiele grutte ferskaat oan muzyk om, wie der oan ’e fan it skoft ek noch in oar hichtepunt, dêr’t elk mei spanning nei útseach. De priiswinners fan ús ferlotting soene bekend makke wurde. Wa soe de ballonfeart foar twa persoanen winne? En wa de telefyzje? Of in fleisbon of lekkere rollade fan Auke Smit? Miskien in bakkersbon fan bakkerij Friso?

Earst noch efkes fertelle dat alle 1500 lotten yn in sucht ferkocht wiene. Dat gong sels by hiele boekjes tagelyk. It gong sels sa mâl, dat wy oan ’e ein fan ús lotten noch in eintsje doarp oerhiene. Alle 1500 ‘eftereintsjes’ fan de lotten kamen yn in grutte amer. Sa grut, dat Baukje der hast oan ’e earen ta yn moast om de priiswinners derút te sykjen. De folgjende priiswinners kamen derút:

Wyn: 424 - v/d Schaaf
Rollade:  1194 - Jetze Bakker; 415 - Tineke Wassenaar; 939 - Turkstra; 1435 - Krol; 53 - Rianne Looienga
Bakkersbon: 1434 - De Jong; 662 - Jitse Werkman, st Anne
Slachtersbon: 675 – Fam. R. Wouda; 743 - Jongbloed
Boekepakket: 418 - Pasma
Telefyzje: 1002 - Jaap & Marinthe Montsma
Ballonfeart: 552 – Marjolijn Kremer

 

Tijs nei Litouwen

Tusken de grutte drokte fan it organisearjen fan in jubileumjier troch, fûn kommisjelid Tijs Dijkstra ek noch tiid om audysje te dwaan foar de Europeeske Jeugdbrassband. Yntiids hat er útslach hân en ja, hy mei in wike lang oantrede yn de stêd Palanga yn Litouwen. Dit is in grutte eare foar in blazer en foar ús as feriening ek, dat ús learlingen foar sa’n Europeesk keurkorps beneamd wurde. Want Tijs is net de earste. Earder waarden Rutger, Gert en Sigrid Mollema ek alris talitten. Dat seit in soad oer dizze fjouwer geweldige muzikanten, mar ek oer ús jeugdoplieding dêr’t Paulus de Jong de jonge leden de leafde foar de muzyk bybringt, mar ek de technyk.

Stipe foar ús Iepenloftspul

Jim ha it miskien al wol sjoen en heard: op 19 en 20 juny sille wy in iepenloftspul spylje. ‘Utblaasd’ hjit it en de leden dy’t net allinnich blaze, mar ek toanielspylje, binne wilens al drok oan it repetearjen. It optugen fan sa’n spektakel kostet net allinnich in soad tiid, mar ek in slompe jild. Dêrom skriuwe wy fûnsen oan en freegje bedriuwen út ús doarpen oft se ús sponsorje wolle. Ek de opbringst fan de ferlotting wurdt hjirfoar brûkt.

Wy binne de weareld te ryk dat wy royale stipe tasein krigen ha fan it Iepen Mienskipsfûns, gemeente Waadhoeke, Rabobank Coöperatiefonds, Losse Fearren en noch in hiel soad grutte en lytsere sponsors út eigen doarpen. Wy komme nergens foar de winige doar! Dat jim mei-inoar ús jubileum sa stypje en dêrmei dit iepenloftspul mooglik meitsje, dat fine wy yn ien wurd geweldich. Tige, tige tank!

Oant safier, tenei mear,
Martsje