Nijs – novimber 2016

NBK

Sa sitte je hielendal yn de tarieding en sa hat it alwer west: de NBK, ofwol de Nederlânske Brassband Kampioenskippen.  Freed 21 oktober reizgen wy mei syn allen ôf nei Utert, om yn Tivoli Vredenburg ús ferplichte wurk ‘Visions’ te spyljen. Twa try-outs wienen der oan foarôf gongen. Earst yn de sporthal yn Ferwert en de sneins foar de NBK noch in kear yn Goutum. Beide kearen gongen guon dingen hiel goed en oare dingen wat minder. Soks ûntkomme jo net oan en sa wie it yn Utert ek. Wy koenen mei syn allen werom sjen op in prachtige tarieding en wat binne wy der grutsk op dat wy mei sa ‘n grutte ploech jeugd dêr hinnen koenen. Dat is lang net by elk korps fanselssprekkend, want wêr ha se noch safolle jeugdleden? En wêr krije de bern dan ek noch de kâns om sa jong al oan te sluten by it ‘grutte’ korps?

Dat kin by Looft den Heer en dat falt op. Wy binne der nei ús optreden yn Utert gauris wer op oansprutsen.  Mar net allinnich ús jeugd spruts ta de ferbylding. Ek ús blazen. Yn ‘e Ljouwerter krante stie ‘Looft den Heer speelde de sterren van de hemel’ en de resinsint fan Brassinfo skreau ‘een staande ovatie’. En sa wie it ek. Dat der dan hjir en dêr wat dinkjes mis gongen, och, dat wie net slim. Wy ha mei elkoar dy jûn it stik út ‘e teannen wei spile en dy emoasje is yn ‘e seal goed oer kommen. In fjirde plak en 89 punten wienen de beleaning.

Sjuch hjir foar foto's fan de NBK fan Jan Mollema

Topsolist

Sneon 1 oktober hat Rutger Mollema meidien oan de Nederlânske kampioenskippen foar solisten. Dat wie ek yn Utert en hy die mei yn de twadde divyzje. Mei in prachtige útfiering fan ‘Variations on a Welsh Theme’ waard er twadde. Lokwinske, Rutger!

Krystkonsert

Ik sei de oare kear al dat jim sneon 17 desimber efkes op jim kalinder sette moatte. Wy jouwe dan jûns om 20:00 yn de tsjerke fan Bitgummole ús krystkonsert en Joubrich van der Heide sil dan mei ús optrede. Wy kenne har fansels as dochter fan Piet en Trienke, en as ús eardere kornetblazer. Ek har optreden as ‘Annie’ en letter har geweldige duet mei musicalstjer Oedo Kuipers binne wy noch net fergetten. Wy binne dan ek mear as wiis der mei dat sy op dit konsert mei ús optrede wol. Wês der op tiid by, want fol is fol en it wurdt in geweldige jûn, dat kin ik jim wol fêst fertelle.

Oant sa fier, tenei mear,
Martsje de Jong