Nijs – febrewaris 2018

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Wienen jo der ek, op it Midwinterkonsert? Net? Dan ha je wat mist. It wie in prachtige jûn. De tsjerke en de Molewjuk wienen hiel sfearfol opgnist mei winterske attributen. In snieman, in âld fyts, sels in echte koek-en-zopietinte wie der te finen. Redens, sliden, snieballen, folle net genôch, de oanklaaiploech hie wer knap útpakt.

It konsert sels wie ek tige slagge. De jonge slachwurkers fan Petra Dijkstra stielen de show mei harren iepeningsact. Yn trije stikken lieten se ús hearre dat se as groep hiel goed op elkoar ynspile reitsje en echt moaie muzyk meitsje. Hiel knap en ek it publyk wie entûsjast. De waarme sûkelademolke, glühwein en woarst smakken ek poerbêst.

Federaasjefestival

As jim dit lêze hat ek de lêste kear federaasjefestival ‘âlde styl’ west. Al wol ûnder de nije gemeentenamme ‘Waadhoeke’, mar inkeld noch mei korpsen út Menameradiel. Wy hoopje dat de nije gemeente like entûsjast en belutsen wêze sil as dat wy fan Menaam wend wienen. De earste foartekens wize goed, want de wethâlder Jan Dijkstra liet him by it Midwinterkonsert al yn Bitgummole sjen en fermakke him poerbêst.

Bûnskonkoers

Yntiids binne wy drok dwaande mei ús tariedings op it ferplichte bûnskonkoers, op 3 maart yn Drachten. Dêr moatte wy twa grutte wurken spylje en in ynspylwurk. Om’t wy gjin izer mei hannen brekke falle wy foar it earste grutte wurk werom op ús NBK-stik ‘A journey to the Bermuda Triangle’. Dat kinne wy en dêr binne wy kampioen mei wurden, dus dat jout fertrouwen. It twadde grutte wurk is ‘Dimensions’, fan Peter Graham. In komponist dy’t ús wol leit en it stik is ek hiel moai. Wy moatte al efkes oan ’e efterste poat lûke, mar dat hinderet neat, wy ha der wer sin oan.

Keningsdei

Om’t it alwer febrewaris is, sjogge wy sels al hiel foarsichtich foarút nei Keningsdei op 27 april. Mei de optocht troch de doarpen is altyd de muoite wurdich, al mocht der wol wat mear folk lâns de dyk stean om ús. Middeis wer de jierlikse rommelmerk op it Molewjuksplein. Alle jierren is der in knoarre guod te ferhanneljen en wy hoopje ek dit jier wer dat der fan alles moais en bysûnders by sit fansels. Dêrom: ha je thús noch guod dat je kwyt wolle? Sille je ferhúzje en binne je mei in soad spul oan? Moat it hûs fan pake leech, of ferhuzet kunde fan kunde fan famylje om utens? Efkes skilje mei Libbe: 2531703 en wy sjouwe jo alles út ’e hûs wei dat jo mar misse wolle.

Eenhoornbrass

Eenhoornbrass is ek wer los. Dat is ús regionale jeugdprojekt, sa meie wy it hast wol neame. Jonge blazers út ’e wide omkriten fan Bitgummole komme elke freed yn ’e Molewjuk om as folsleine brassband mei te dwaan oan in festival. Se kinne dat geweldich, want twa jier lyn wûnen se yn it Dútske Borkum de titel yn ’e fyfde divyzje en ferline jier op it Gouden Spikerfestival kamen se mei de Sulveren Spiker thús. Wêr’t se dit jier hinne sille, hearre jo de oare kear.

Oant safier, tenei mear,
Martsje