Nijs – maaie 2018

Nijs fan Brassband Looft den Heer

As korps ha wy it yn ’e maitiid altyd fleanende drok. Wy ha op konkoers west, op 10 maart yn De Lawei yn Drachten. Dêr hellen wy dik 89 punten en dat wie in earste priis, mei rjocht op promoasje nei de twadde divyzje. Dat lêste dogge wy mar net, mar wy wienen fansels wiis mei dit resultaat. No wurkje wy ta nei it Surventofestival op sneon 16 juny yn Surhústerfean. Dêr sille wy besykje om, krekt as yn 2017, de priis te winnen mei in programma fol bysûnder muzyk en entertainment. Us jeugd fan Eenhoornbrass sil hjir ek meidwaan, dy komme op freed 15 juny yn aksje.

Solistefestival

Op 7 april ha wer ferskate learlingen fan ús feriening meidien oan it jierlikse solistefestival fan, dit jier echt foar it lêst, Menameradiel. It wie in moaie dei, mei in soad jonge muzikanten. ‘Jim binne ryk,’ sei wethâlder Jan Dijkstra fan ’e gemeente Waadhoeke en dat sei ek it sjuerylid Bienze IJlstra. Sûnder jeugd hat neat takomst.
Fan Looft den Heer foelen ferskate learlingen yn ’e prizen. Yn it foarste plak al it slachwurkensemble fan juf Petra Dijkstra en it jeugdkorps Looft den Heer B ûnder lieding fan Gatse Hylkema. Sy wûnen elk yn har kategory de earste priis.
By de solisten gong it ek mar bêst:
Siebe Douwe Reedijk:  1e by de begjinnende slachwurkers.
Naomi Schaaf, kornet:  1e by de begjinnende blazers.
Wietse Mollema, bariton : 1e blazers studearjend foar A
Jelle Lieverdink, kornet: 2e blazers studearjend foar A
Jetze Klaas Dijkstra, kornet: 1e blazers studearjend foar B
Silke Meesters, althoarn: 3e blazers studearjend foar B
Kampioen fan ’e dei: Jetze Klaas Dijkstra, kornet, mei 90 punten!

Jetze Klaas Dijkstra winnaar Eenhoornbokaal – solistekonkoers 7-4-18

Geraniums

Yn ’e wike fan 7-11 maaie komme wy wer lâns de doarren mei geraniums. De iishilligen ha dan sawat west en dus kinne de blombakken mar wer fuld wurde. Steanders en hingers, yn ferskate kleuren, der is foar elk wol wat by. Wy rinne op moandei 7, woansdei 9 en freed 11 maaie, jûns fanôf in oere as sân troch de doarpen. Wolle jo der wis fan wêze dat jo net efter it net fiskje? Lit it efkes witte en skilje Libbe: 2531705

Rabobank Clubkas

Wy hienen ús dizze maitiid opjûn foar de Rabobank Clubkascampagne. Minsken dy’t lid binne fan Rabobank Ljouwert/Noardwestfryslân koenen stimme op harren favorite ferienings en jim ha dat massaal dien. Wy mochten in prachtich bedrach fan €322,70 yn ûntfangst nimme en dêr binne wy tige wiis mei. Nochris tank foar jim stim!

Slotkonsert

As skylk it seizoen op syn ein rint, jouwe wy noch ien kear in konsert. Dat wurdt dit jier in hiel bysûnder konsert, sa as wy dat noch net earder dien ha en jim dat hjir ek noch net earder sjoen ha. Tink mar oan Night of the Proms. Hoe en wat presys hâld ik noch lekker efkes ûnder de pet, mar as it safier is, lêze jim dat fansels. Set it mar fêst mei dikke reade letters op jim kalinder: Freed 6 july, in spektakel fan jewelste, op ’e doarpsgreide yn Bitgum.
Oant safier, tenei mear,
Martsje