Nijs – july 2021

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Wat hearlik is it om hjir skriuwe te kinnen dat wy wer mei-inoar muzyk meitsje. Wy binne út in lange en ferfeelsume wintersliep wer oerein kommen en kinne sa foar de simmer noch krekt in pear kear repetysje hâlde. Net foar in konsert, dat sit der net mear yn. Wy hiene noch hoop op de Roekedei, mar ek dy moast noch ôfblaasd wurde troch Doarpsbelang Bitgum. Spitich, mar it is net oars.

NBK

Dêrom hawwe wy it NBK-wurk der mar fêst by pakt, Signature fan Hendrik de Boer. Dt wie spesjaal skreaun foar de gelegenheid fan de 40ste edysje fan de Nasjonale Brassband Kampioenskippen yn 2020, mar dy feestlike 40ste edysje wurdt no pas holden op 30 oktober fan dit jier. Teminsten, dêr rekkenje wy op. Signature liket wol in moai stik te wêzen, al sitte der hiel wûnderlike saken yn, dy’t neffens ús wol folle ienfâldiger opskreaun wurde kinnen hiene, mar hawar, wy ha in dirigint dy’t ús der wol trochhinne loadst, dat it sil him wol rêde.

Krystkonsert

Hoe’t it programma der nei de fakânsje krekt útsjen sil, witte wy noch net hielendal, al ha wy wol al mei potlead ien en oar foarsichtich ynfolle. It krystkonsert mei it Martini Jongeskoar, bygelyks, dat stiet noteard foar sneon 18 desimber. De krekte lokaasje moatte wy noch efkes ôfwachtsje, want dat hinget ek ôf fan hoe’t wy yn Nederlân mei-inoar út de simmermoannen weirûgelje.

It bliuwt kofjedik sjen, ek yn it nije seizoen, mar de measten fan ús ha de prip hân, dat wy ha wol moed. Ik sjoch jim graach nei de simmerfakânsje wer, oant dan!

Oant safier, Martsje