Nijs fan Brassband Looft den Heer
Alderearst wol ik elk fan herten lok en seine winskje foar 2018. Dat jim waarmte, leafde en ferbûnens fiele meie, ek as it net rint sa as je graach wolle soenen.
It jier 2017 is omflein en no steane wy wer foar in hiel nij jier, mei nije plannen en fansels, sa heart dat by ús feriening, in soad drokte. Earst noch efkes koart weromsjen nei desimber, want ús Laura slagge foar har B-eksamen op althoarn. Dat is dochs wer in hiele prestaasje.
Op sneintemiddei 10 desimber joegen wy in konsert yn it MCL yn Ljouwert. It wie min waar, suterich en glêd fan wiete snie, mar dochs kamen der noch in tal trouwe fans om ús dêr spyljen te hearren en ek út it sikehûs sels wie der publyk. Mei de suver tropyske temperatuer yn it auditoarium wie it hast net foar te stellen dat de Kryst alwer op kommende wei wie. Likegoed waard it in prachtige middei.
De deis dêrfoar wie it al feest yn ‘e Molewjuk, dêr’t de jeugdkorpsen fan Menameradiel har hearre lieten. Net foar in sjuery, mar foar elkoar en in seal fol publyk. It wie in pracht hoe’t de bern nei elkoar seagen en harken en hoe’t alle publyk sa’n geweldige middei belibben mei de jonge talinten hjir út ‘e omkriten.
Midwinterkonsert
Yntiids wurkje wy alwer ta nei ús Midwinterkonsert. Dat sil wêze op sneon 20 jannewaris, jûns 20:00 yn de tsjerke yn Bitgummole. Wy ha noflike muzyk op it programma te stean, mei show en wille foar elk, dat lit it jim net ûntkomme. As it no friest dat it ongelet, of as it like waarm is as mei de Krystdagen, wy bringe jo yn waarme wintersfear, dêr kinne jo fan op oan. Special act fan dizze jûn is it slachwurkensemble fan jeugd fan ús korps en fan De Nije Bazún fan Britsum. Sy sille ûnder lieding fan dosinte Petra Dijkstra in knallend optreden foar jim fersoargje.
Op 3 febrewaris is dan echt foar de lêste kear federaasjefestival ‘âlde styl’. Noch ien kear komme de korpsen fan Menameradiel nei ús tsjerke yn Bitgummole om dêr fan jûns 19.00 oere ôf allegearre in mini-konsertsje te fersoargjen. Ek dit is altyd wer in tige de muoite wurdich om by te wêzen, dat jo binne fan herten útnoege.
As dat efter de rêch is, moatte wy wer op konkoers, want soks heart ienris yn ‘e fiif jier no ien kear. Mar dêroer fertel ik de oare kear mear.
Oant safier, tenei mear,
Martsje