Nijs – maart 2018

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Oare kear wie ik frijwat griperich en dan binne jo net skerp, sadwaande skreau ik oer it bûnskonkoers fan 3 maart, dat moat fansels 10 maart wêze. Want dy dei sille wy ús yn De Lawei fan Drachten hearre litte mei twa grutte wurken en in ynspylwurk, om sjen te litten dat wy it nivo fan ’e tredde divyzje noch altyd skoan oankinne. Dat wisten wy fansels al, wy wienen ommers noch Nederlânsk kampioen yn ôfrûne hjerst, mar goed, it is no ienris sa dat jo as korps ien kear yn ’e fiif jier op konkoers moatte om jo beoardielje te litten. Nuver genôch wurdt it Nasjonaal Kampioenskip net sjoen as konkoers. Mar hawar, wy binne der aanst wol klear foar en ha der sin oan.

Rommelmerk

Op syn minst like bot yn ’e war wie ik mei it neamen fan it tillefoannûmer fan Libbe, want dat moat fansels wêze: 2531705  Dit nûmer kinne jo alle dagen fan it jier skilje as jo spul ha foar de rommelmerk. Ek stikkene waskmasines en drûgers kinne dêr wol hinne, Libbe rêdt der mei. De rommelmerk is fansels op Keningsdei 27 april, op it Molewjuksplein.

Jeugdfestival

Sneon 7 april meie ús jeugdleden har wer hearre litte op it jierlikse solistefestival. Dit jier is dat yn Nij Franjum yn Marsum. It begjint moarns om 10:00 oere en duorret oant middeis 17:00 ta. As jim yn ’e gelegenheid binne om efkes te sjen, lit dy kâns dan net slûpe, want it is altyd in hiele aardichheid. De bern binne al drok oan it oefenjen en sille mei begelieding fan in piano har stik hearre litte. Altyd wer spannend.

Oant safier, tenei mear,
Martsje