Nijs fan Brassband Looft den Heer
Jo lêze no al it tredde nijsberjocht fan 2020 en sille grif de ôfrûne, reinige wiken wolris tocht ha: wêr bliuwt de tiid (en: ‘waard it mar ris maitiid’). No, dat tinke wy as bestjoersleden en leden fan de jubileumkommisje ek, want de tiid fljocht ús as sân troch de fingers.
Wylst de ljippen mei snorkel en dûkbril plak sykje foar harren aaien, wurkje wy oan ús feest op sneon 4 april. Jim binne allegear mear as fan herten wolkom om ús 75ste jierdei mei ús te fieren, mar dan moatte jim jim al efkes oanmelde. Dat kin digitaal, fia www.brassbandlooftdenheer.nl, mar as dat no net slagget, om’t jo net sa digitaal binne, dan meie jo ús bêst efkes oansjitte. Efkes skilje mei bygelyks 2531705, of 2532988 en wy sette jo op de list, dat rêdt him altyd.
Kaarten foar it konsert
Foar it konsert fan 4 april is grutte belangstelling. Dat fine wy geweldich, mar wy wolle net dat wy minsken teloarstelle moatte. Dêrom kinne jo kaarten bestelle fia niisneamde kanalen, mar op tiisdei 24 maart en woansdei 25 maart sitte wy jûns om 18:45 yn de Molewjuk en dêr kinne jo kaarten helje. Se binne fergees, mar wol needsaaklik.
De feestdei 4 april
Wat is der dan allegear te rêden, sneon 4 april? Middeis om trije oere gean de doarren fan de Molewjuk iepen foar ELK dy’t de fototentoanstelling oer 75 jier Brassband Looft den Heer besjen wol. Dêr hoege jo gjin lid of âldlid foar te wêzen, gjin reünist of wat dan ek, gewoan komme, dat fine wy moai!
Om trije oere is ek de ynrin foar de reüny. Dy’t him dêrfoar opjaan wol, kin dat noch oant 25 maart dwaan. Dit yn ferbân mei de boadskippen, sille wy mar sizze. Reünisten krije fan ús bontsjes foar kofje en gebak, oare oanrinders moatte dat sels efkes ôfrekkenje by de bar.
Om 15:30 is de iepening fan de reüny, op eigen wize troch twa wûndere gasten. Sy presinteare dan ek ús eigen bier ‘Smeitsje de Wille’. Dit hearlike simmerske blond bier is allinnich by ús jubileumaktiviteiten te keap en nergens oars, dus collector’s item.
Om 17:30 is der in waarm buffet. Dy’t dêroan meidwaan wol, kin him as har ek noch opjaan oan’t 25 maart ta. Dat kin by de niisneamde nûmers, of efkes fia de webside (dat is foar ús wol nofliker).
Jûns 20:00 is der in konsert, mei ûnder mear meiwurking fan Joubrich van der Heide, wêryn’t wy âlde en nije muzyk spylje, mar ek stilstean by de befrijïng fan 75 jier lyn. Dat der doe in ein kaam oan fiif bange jierren fan besetting, dy’t ek hjir yn de doarpen grut fertriet feroarsake, dy totale blidens fan doe kinne wy as nei-oarlochske generaasjes ús net ynfiele. Gelokkich net. Mar wy betinke dit al en wolle op ús jubileum, dat wy fiere mei tank oan dyselde befrijïng, omtinken jaan oan freugde én fertriet fan de twadde wrâldoarloch.
Nei ôfin fan it konsert is der feest yn de Molewjuk mei live muzyk. Tagong fergees!
Boek ‘Noch lang net útblaasd’
Jûns op 4 april, by it konsert, wurdt ek ús boek presinteard. Dat draacht de titel: ‘Noch lang net útblaasd’ en sil offisjeel útrikt wurde.
Om’t it logistyk praktysker is, is it boek middeis al te keap yn de Molewjuk, dêr’t it ek ophelle wurde kin troch de minsken dy’t it al besteld ha.
De oplage is beheind, dat as jo ien ha wolle, jou efkes lûd. It wurdt in pracht.
Oant safier, tenei mear,
Martsje