Nijs fan Brassband Looft den Heer
Yn tsjinstelling ta oare jierren om dizze tiid, as wy drok dwaande binne mei de tarieding foar de Nederlânske Brassbandkampioenskippen en ús dus oant en mei de hjerstfakânsje op ien stik konsintrearje, ha wy no in hiele list stikken om te oefenjen. Foar it havenkonsert by It Brouwdok yn Harns, bygelyks, sieten wy yn de sfear fan swing en spektakel. Wy ha lang yn noed sitten oft it allegear wol trochgean koe, want wy soene bûtendoar spylje. Dat is lestich mei oardel meter ôfstân tusken de blazers, mar doe’t it waarberjocht foar it wykein kaam, sieten wy hielendal yn ’e rats.
brouwdok 1
Want it soe ape- en bearewaar wurde, mei hurde wyn en stjalpige rein. Sei Piet. En as dy dat seit, kin it ek wol ris in slach tafalle. Om kertier foar fjouweren giene wy los, by wynstil en drûch waar. It terrein rekke hieltyd foller mei publyk, dat dêr skoan de romte hie en wakker genoat fan it konsert. Justjes nei fiven spilen wy ús lêste stik. In foech kertier letter helle de wyn oan en foelen de earste spatten. Dêr hiene wy dus aardich gelok hân.
Konsert fia Live Stream
In hiel nij fenomeen sil it wêze foar ús as wy op 31 oktober spylje yn Bûtenpost. Dêr sille wy mei Gloria Deï fan Gerkeskleaster en Constantijn Huygens fan Appingedam in konsert jaan dat útstjoerd wurdt fia de Live Stream. Dat kinne jim dus fia ynternet folgje. Hoe en wat dat krekt yn syn wurk giet en wêr’t jo dy útstjoering dan fine kinne, dat witte wy no noch net, mar dat sette wy wol op ús Facebookside en op ’e webside fan ús korps. Wat wol wis is: dit wurdt in prachtjûn, want dit binne de trije korpsen dy’t eartiids de prizen mei-inoar ferdielden yn de tredde divyzje en no mei-inoar stride yn de twadde divyzje. Dêr moat al efkes by sein wurde fansels dat wy ferline jier heger einigen as dy oare beide. Wy spylje alle trije in programma fan sawat in heal oere, mei in grutter wurk en in pear lytsere stikken.
Krystkonsert
Noch altyd hâlde wy it krystkonsert mei it Martini Jongeskoar fan 19 desimber oansteande op de wurklist. It jongeskoar is al wer drok oan it repetearjen en sy ha ek noch altyd hoop en fertrouwen dat it trochgean kin. Wy wolle dat fertrouwen ek hâlde, want it sil dochs net sa wêze dat krekt yn dy tiid fan Kryst wy net spylje kinne? It sil hoe dan ek de nedige oanpassings fergje. Want in folle tsjerke, dat sit der net yn, mar wa wit kinne wy der in mouwe oan passe. Dat is wat dat ús de kommende tiid dwaande hâlde sil, wy sille hoopje dat dizze twadde golf him gau deljout en de rêst weromkomt. Oant dy tiid winskje ik elk sûnens ta.
Oant safier, tenei mear,
Martsje