Nijs – juny 2017

Nijs fan Brassband Looft den Heer

En dan is it seizoen alwer sa goed as foarby. As ik dit skriuw binne wy krekt bekommen fan it daverjende súkses fan Surventobrass  fan sneon 17 juny yn Surhústerfean. It wie foar ús ris in hiele nije wize fan ‘konkoersblazen’, want wy binne oars wend dat wy in ferplicht wurk spylje moatte en dan heechút ien as twa wurken dêr omhinne. Dat is almeast wat klassikere, swiere muzyk. Surventobrass draait lykwols hielendal om entertainment. Fansels wurde jo ek ôfrekkene op muzikaliteit, mar de ynteraksje mei it publyk, de muzykkar, it spilet allegearre in rol mei.

Guon fan jim hienen de tiisdeis tefoaren al efkes west te lústerjen oft it wat wie. En wy hienen it idee dat it wol wat yn ‘e smaak foel. Wy ha dan ek hiel wat oars dien as oars. Lichte muzyk, derby sjonge, toanielspylje, dûnsje, guon sels ferklaaid, koartom, wy ha alle registers iepenlutsen om publyk en sjuery te bespyljen en dat is slagge! Wy krigen it maksimale oantal fan 200 punten en wienen dêrmei net te besjitten foar de konkurrinsje. Dus in grutte beker en in moaie kornet wûn. Wy wienen sa grutsk as wat.

It sturtsje

Binne wy dan no klear, nei dizze boppeslach? No, nee fansels. Der kin altyd noch wat by. Laura Switijnk en Roas Kuipers bygelyks dogge noch B-eksamen. Roas op es-kornet en Laura op althoarn.

Sels ha wy 15 july noch in slotdei as korps mei elkoar. Wy sille mei de pream nei Ljouwert en dan dêr in konsert jaan op it Wilhelminaplein. Dat sil om 14:30 wêze, dat elk dy ’t ús hearre wol: ek dêr jouwe wy wer in ferrassend konsert.

Yn ’e tuskentiids sjogge wy elk alwer oer de fakânsje hinne: yn ’e hjerstfakânsje is it al NBK en dat is foar ús fansels in belangryk konkoers dêr’t wy graach goed presteare wolle. Fandêr dat wy it ferplichte wurk al op ’e standert ha. Wy spylje ‘A journey to the Bermuda Triangle’. Dat is in hiel nij wurk fan in komponiste út Thailân. Se hyt Pimpanit Karoonyavanich. It is in nijsgjirrich stik, nei de simmer sil ik der mear oer fertelle. Dan hearre jim ek hoe ‘t ús eksamenkandidaten it derôf brocht ha.

Oant safier, tenei mear,
Martsje