Nijs – desimber 2018

Affiche kerstconcert 2018 – def

Nijs fan Brassband Looft den Heer

De kaartferkeap foar ús Krystkonsert mei Gezina van der Zwaag is begûn. Jim kinne foar kaarten terjochte by Bakkerij Friso yn Bitgummole, of op ús webside www.brassbandlooftdenheer.nl. De kaarten kostje €7,50 en dêr sit in konsumpsje by. Bern oant en mei 12 jier ha fergees tagong. Noch efkes foar dy’t it net (mear) wit: it konsert is Snein 16 desimber, jûns 20:00 yn de PKN-tsjerke fan Bitgummole.

 

Oare aktiviteiten

Snein 25 novimber mochten wy de lêste snein fan it tsjerklik jier muzikaal begeliede. Yn dizze tsjinst waarden de minsken betocht dy’t ôfrûne jier ferstoarn binne. It wie in bysûnder en sfearfol barren.

Nei de jierwiksel wurkje wy opnij ta nei in konsert, want yn maart stiet ús donateurskonsert op it program. It is wat sykjen nei hoe en wat wy de start fan 2019 oanpakke sille, want it federaasjefestival dat oars altyd begjin febrewaris holden waard, is mei it ferdwinen fan de gemeente Menameradiel ek weiwurden. De nijfoarme federaasje Waadklank is safier noch net dat der al in festival organisearre wurde kin.

It stikje is wat koart dizze kear, mar dat meitsje ik letter wol wer goed. Graach oant sjen op Snein 16 desimber!

Oant safier, tenei mear,
Martsje