Nijs fan Brassband Looft den Heer
Wylst ik dit skriuw, sit ik te bekommen fan it feest freedtejûn 26 oktober yn Tivoli Vredenbrug yn Utert. Want feest, dat wie it. Wy waarden foar it twadde jier op rige kampioen fan Nederlân yn ús divyzje en dêr binne wy ferskriklik wiis mei. It stik ‘Viking Age’ lei ús, dat hie ik earder al skreaun, mar soks moat dan altyd noch al efkes dien wurde dêr op op dat grutte poadium. De earste try-out wie knap, de twadde ek wol, mar de generale rippetysje tongersdeis wie min. Mar doe’t it der om spande wienen wy allegearre goed wekker en wat hienen wy der in sin oan. De earste noat stie as in hûs en wat der efteroan kaam ek.
Kampioen mei Viking Age 94 punten
Noch foardat de lêste noat útspile wie, begong it publyk al lûd te klappen en sels wisten wy dat wy moai spile hienen. Allegear wienen wy der oeral fan en de earste resinsje op ynternet en de reaksjes fan guon dy’t ús heard hienen, wienen ek unanym: dit wie skitterend west. Hoe moai is it dan as de sjuery dat ek seit en je mei trije punten foarsprong op de nûmer twa kampioen makket. De útbarsting fan lawaai dy’t wy doe produsearren, dêr soe mannich viking fan op ’e rin gongen wêze, dat kin ik jim wol fertelle.
Krystkonsert
En no hat de NBK dus west en komme wy wer mei de fuotten op ’e grûn. Hjir en dêr ha wy alris wat stikken fan it programma trochspile foar ús grutte krystkonsert fan Snein 16 desimber, jûns 20:00
Dat wurdt ek wer in hiele moaie jûn, mei foar it skoft wat klassikere (kryst)muzyk en nei it skoft swinge wy de krysttiid yn ’e mjitte.
Dat dogge wy mei sjongeres Gezina van der Zwaag, dy’t ûnder mear hiel bekend is fan de prachtige útfiering fan Gabriella’s Liet, mei Brassband De Bazuin fan Oentsjerk, de Fryske ferzje fan it bekende Gabriella’s sång út de film As it is in heaven.
De yntree foar dit konsert is €7,50 en de kaartferkeap begjint op moandei 3 desimber by Bakkerij Friso yn Bitgummole. Dat binne moaie presintsjes foar Sinteklaas! Bern o/m 12 jier ha fergees tagong.
Nije Loads
Jim witte mooglik wol dat wy ús spul foar de rommelmerk altyd opslein ha by it bedriuw fan Syds Rondaan yn Berltsum. Dêr wie in grutte loads en dêr koenen wy hiel wat kwyt. No wie it op 27 septimber lêstlyn al wer in jier lyn dat Syds ferstoar en de âlde loads waard ôfrûne jier ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in nije, tige moderne loads wêrmei’t it bedriuw wer jierren foarút kin. Hoe ferskuorrend bliid binne wy dat Syds as syn lêste winsk foar it korps fêstlein hie dat yn dy loads in hiele grutte souder boud is, dêr’t ús korps it spul foar de rommelmerk opslaan kin! It earste guod stiet der al en minsken, der kin noch hiel wat by, dat lit it ús witte as der bygelyks in hûs leech moat!
Wy binne Syds ek no noch in hiel soad tank ferskuldige, en dat bringe wy hjirmei ek oer oan syn Gryt en de bern: tige, tige tank dat jim dit foar ús dogge!
Oant safier, tenei mear,
Martsje