Nijs – oktober 2016

Nijs fan Brassband Looft den Heer

De simmerfakânsje sit der al wer efkes op en wy binne no sa ‘n fiif wiken los mei ús nije dirigint. Gijs Heusinkveld is syn namme, mar dat hie ik earder al sein. Hy moat drekt mar foar de liuwen, want de NBK is dit jier al op 21 oktober. Gjin tiid om efkes rêstich út te finen hoe ‘t ús korps yn elkoar sit fansels, mar drekt fan dek-op.
It stik dat wy yn Utert spylje is ‘Visions’ fan Dan Price, in prachtich muzikaal portret fan it stedsje Briton Ferry yn Wales dêr ‘t wy mei in soad nocht oan wurkje.
Ear ‘t wy nei de NBK geane sille wy ek noch twa try-outs spylj. Sneon 8 oktober geane wy nei Ferwert en op snein 16 oktober nei Goutum. Moaie mominten om efkes te sjen wêr ‘t wy steane en dêrnei de lêste puntsjes noch op de i te setten. Fansels ha wy ek al in pear stúdzjedagen hant. Dit jier ha wy at yn ‘e Molewjuk dien en dat wie wer tige slagge. Sa ‘n wykein kinne je hiel wat dwaan mei syn allen.

Nije leden

Wy hawwe der nei de simmer ek twa nije leden by krigen, by it A-orkest. Ut eigen jeugd wei binne Jelmer Mollema en Jetze Klaas Dijkstra, beide op kornet, oanskood. Dêr binne wy tige wiis mei en grutsk op. Se dogge it geweldich. It is fansels net neat, sa ynienen hurry-up rjochting de NBK moatte. Altyd spannend, mar ik bin der wis fan dat it wol goed komt mei dy beide mannen.

Nederlânske kampioenskippen foar solisten

Sneon 1 oktober hat Rutger Mollema ús fertsjintwurdigje op de Nederlânske kampioenskippen foar solisten. Mei in prachtige útfiering fan 'Variations on a Welsh Theme is hy twadde wurden yn de 2e divysje. De jury hat it der dreech mei hân!

Krystkonsert

Soenen jim alfêst de datum fan sneon 17 desimber op jim kalinder sette wolle? Dan hâlde wy in krystkonsert yn ‘e tsjerke yn Bitgummole. Wy hoopje mei in ‘ekstraatsje’, mar dat hearre jim de oare kear.

Oant sa fier, tenei mear,
Martsje de Jong