Nijs – desimber 2016

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Ein novimber is it alwer en it liket wol maitiid. Foar in winterminske as dat ik bin in minne bak, want ik ha leafst de kjeld. Foar ús as korps mei it ek wol wat kâlder wurde, want wy sitte drok yn ‘e tariedings foar it Krystkonsert en dan helpt it net as Piet it hat oer ‘bûten sitte’. Noch in pear wike, dan is it al sa fier. Sneon 17 desimber is it Krystkonsert yn ‘e PKN tsjerke yn Bitgummole. Gast is dizze jûn sjongeres Joubrich van der Heide út Ingelum en mei elkoar wolle wy der in noflike en waarme winterjûn fan meitsje. De jeugd spilet fansels ek mei!

Om ‘t ús Krystkonserten altyd in soad minsken lûke, wolle wy de kaartferkeap dit jier wer yn ‘t foar starte. De kaarten kostje €5 en bern oant en mei 12 jier ha fergees tagong. De kaarten kinne besteld wurde op ús webside: "kaarten bestellen" mar lizze ek wer by Bakker Friso yn Bitgummole. Jim kinne de gok ek nimme en sjoch op de jûn sels oft der noch kaarten binne, dat kin dan fan 19:00 oere ôf by de doar fan tsjerke. Mar dêr soe ik net op tidigje. Wês der op tiid by, want fol is fol en it wurdt in geweldige jûn, dat kin ik jim wol fêst fertelle.

Stamppot

Ha jo freed 18 novimber ek te stamppot iten west by Libbe en Sybe yn ‘e Molewjuk? Grutte kâns, want ik hearde dat it moai drok wie. It iten wie hearlik, mar wat fansels noch moaier wie, wie de muzyk fan ús jeugdkorps derby. In hiele aardichheid en muzyk is goed foar de fertarring, dat der koe omraak opskept wurde. De bern ha it ek wakker prachtich fûn.

Sutelaksje mei Fryske boeken

As leden fan ús korps ha wy ek sutele mei Fryske boeken. Op freedtejûn 4 novimber yn Ingelum en op sneon 5 novimber yn Bitgum en Bitgummole. Wy troffen it geweldich mei it waar, al ha der sneontemoarns al twa knappe buien west. Dy duorren lykwols net lang, dat efkes skûlje en wy koenen wer fierder. Tusken de middei hie Libbe in ferskuorrend grutte panne earte foar ús, mei ‘in soad fan ‘e baarch’, sa as er dat sels neamd. Wy ha ús och sa ús bêst dien, mar koenen it fansels lang net op, dat der binne hiel wat bakjes noch de provinsje yn gongen. It wie al spitich dat wy suver tiid te min hienen, dêrtroch is it bûtengebiet net optimaal betsjinne, mar mán wat binne der in boeken ferkocht. Geweldich.

Middeis telden wy in opbringst fan €3270 euro. Dêrfan is 25% prosint oermakke oan ús korps, dus mear as 800 euro. Wat binne wy dêr wiis mei! Wy wolle dan ek tank sizze oan jim dat jim sa manmachtich boeken kocht ha. Ek om ‘t dêrmei oantoand wurdt dat der gelokkich noch altyd merk is foar Fryske boeken. En myn lêste tankwurd is foar de frijwilligers. Want it wiene net allinnich korpsleden dy ‘t foar ús yn ‘t spier kamen, mar wy hienen ek noch stipe fan ‘bûtenôf’ en dat wie mar goed ek, want der wienen op it lêst noch wat minsken siik, dat wy koenen alle hannen brûke.

Dankewol dus!

Oant sa fier, tenei mear,
Martsje de Jong