Welkom

Nijs fan Brassband Looft den Heer
As jim dit lêze, hat de lêste rommelmerk fan Looft den Heer al west. Spitich, mar it is hast net te
dwaan om alles te regeljen, lit stean om alle guod rûnom wei te heljen, op te slaan, út te sykjen, nei it
stoart te bringen en gean sa mar fierder. Fansels gean ik der op it stuit fan skriuwen fanút dat wy in
pracht fan in middei hawwe en bin ik och sa benijd wa’t hoefolle bean hat op de mummifisearre kat
dy’t op fersyk fan mannichien ek ûnder de hammer fan feilingmaster Libbe kommen is. Hawar, dat
fertel ik yn juny wol, der moat wat te rieden en te skriuwen bliuwe.
Dat de rommelmerk ophâldt wol net sizze dat jim Libbe net mear belje kinne foar bygelyks âld izer of
in ynboedel (2531705). Hy is noch net fan doel om achter de (korps)geraniums!

Geraniums
Tradisjoneel komme wy yn de wike foar Memmedei wer húske bylâns mei steande en hingjende
geraniums en mei Spaanske Margriten. Dit jier dus ek. Wy begjinne al op sneon 4 maaie (foar achten)
en sille ek yn de wike dêrnei jûns op paad wêze. Utsein tiisdeis, want dan hawwe wy repetysje. As jim
no wis wêze wolle dat jim der wer kleurich en fleurich by sitte de kommende moannen, smyt dan
efkes in briefke troch de doar by ien fan it bestjoer (of in oar korpslid), of lit even wat hearre op 06-
34619101 (by my dus) of 058-2531705 (by Libbe) en wy soargje dat it ynoarder komt. Wol efkes it
adres derby neame, want wy ha net altyd alles eksakt yn ’e holle.
Jim kinne kontant betelje, mar der is ek in QR-koade beskikber, foar digitaal ôfrekkenjen.

Jeugd!
Dy’t de jeugd hat, hat de takomst, sa leart ús it sprekwurd. En sprekwurden binne ornaris wier, dat
mei de takomst fan Looft den Heer sit it wol goed, liket my sa ta. Yn it foarste plak wol ik jim allegear
tank sizze foar it meisparjen fan munten foar de Poeisz Jeugd Sponsoraksje. Withoefolle minsken
hawwe oan ús tocht mei it boadskipjen. Der kamen munten yn in pot yn de Molewjuk, der kamen
munten troch de doar, munten by ús mem, munten streekrjocht yn ’e buis, it koe net op. Op freed 19
april hat in delegaasje fan De Toeterbende nei it WTC yn Ljouwert west, om dêr op it spesjale
Sponsoraksje Gala de cheque yn ûntfangst te nimmen: mar leafst €991 euro meie wy byskriuwe op ’e
bankrekken fan de De Toeterbende. In prachtich resultaat dêr’t wy och sa wiis mei binne.
Yn de tuskentiid, op sneon 13 april, die De Toeterbende mei oan it Gouden Spikerfestival yn Oerterp.
Se bûnen mei noch acht oare korpsen – jeugdkorpsen én ‘grutte’ korpsen – de striid oan yn de
Festivaldivyzje en mochten middeis de Brûnzen Spiker yn ûntfangst nimme. In tredde plak dus, en dat
wie dik fertsjinne, want se brochten in hiel fariearre programma, dat noch hielendal net sa maklik
wie. Grutte bewûndering wie der foar ús njoggen kornetblazers, dy’t yn de Cornets Rock yn twa
groepkes mei-inoar ‘duellearren’ yn solo’s. Sy diene dat sa goed, dat sjuerylid Jappie Kuipers harren
de ‘Steande Ovaasje’-priis takende. Dat wie dochs wol de slachrjemme op ’e sorbet, of net dan.
Wy hoopje yn maaie wer los te kinnen mei it skoalprojekt, sadat de bern fan groep 5 wer in pear wike
lang yn ’e kunde komme kinne mei blaasmuzyk. Alle jierren ûntdekke dêr wer bern in hobby dy’t se in
libben lang net wer kwytreitsje, dat wy hoopje fan herten dat it ek dit jier wer sa wêze wil.

Slotkonsert
Op sneon 29 juny ha wy ús Slotkonsert op it Molewjuksplein, mei de folkband Gaeld’r. It wurdt in jûn
yn Ierske sfearen, wat muzyk oanbelanget. Om’t wy ris wat oars as oars wolle, hawwe wy besluten
dat it in folslein fersoarge jûn fuort wurde kin. Dat hâldt yn dat wy om seis oere de barbeque
oanslingerje en dat jim dan wolkom binne om in lekker hapke te iten en wat te drinken. Dy iterij en
drinkerij giet de hiele jûn wol wat troch en tuskentroch kinne jim genietsje fan prachtige muzyk, mei
Ierske traditionals, mei lichte muzyk, mei muzyk út Lord of the Dance en gean sa mar troch.
Folkband Gaeld’r bringt orizjinele, eigensinnige Ierske folkmuzyk. De oprjochter fan de band, Gjalt de
Jong, sjongt en spilet de lûkpûde (trekzak). Dêrneist is der noch in akkordeonist, in gitarist en in

fioelist. Looft den Heer en Gaeld’r spylje apart, mar ek mei-inoar. In garânsje foar in bysûndere,
feestlike en muzikale jûn.
De totaalpriis foar barbeque én konsert komt op €15, slaatsje en saus sit by de priis yn. As jim
allinnich nei it konsert wolle kostet dat €7,50. Foar bern is der in apart fleispakketsje beskikber foar
€5. Net bang wêze dat wy jim de hiele jûn mei in fleispakket yn ’e hannen stean litte: jim krije in
strippekaart dêr’t op stiet wat jim krije en wat jim op de bbq lizze wurdt op dy kaart oankrúst.

Pakket A:
Supersaté
Shaslick hin of baarch
Woarstje
Drumstick
Pakket B:
Bargesaté
Gehakshaslick
Hamburger
Karbonade
Bernepakket:
2x Hamburger
Gehakshaslick

Jim moatte jim foar de barbeque al efkes oanmelde, dat kin oant en mei freed 21 juny, fia 06-
34619109 of secretaris@brassbandlooftdenheer.nl. Jou dêrby troch hokker pakket as jim ha wolle.
Der komt ek noch in foarferkeap yn de Molewjuk, de dei en tiid dêrfan lêze jim yn de Doarp en Sport
fan juny. Tink derom: jim kinne gerêst op de jûn sels noch betinke dat jim nei it konsert wolle, mar wy
ha gjin ‘los fleis’ yn de ferkeap, dus dan moatte jim thús ite.

Oant safier,
Martsje