Nijs – july 2016

Nijs fan Brassband Looft den Heer

It lêste nijsberjocht foar de simmer. Wat is de tiid omflein! Der leit wer in drok muzikaal jier efter ús, mar foardat de toeters fakânsje krije pakke wy noch ien kear goed út. Dat dogge wy kommende sneon 9 july om 20:00 yn de Molewjuk. It ôfskiedskonsert fan ús dirigint Paulus, mei in program dat troch himsels gearstald is. In soarte fan ‘Best of’, mar dan sûnder drege konkoerswurken. En mei in barbeque, want dêr kin it by ús mar min sûnder. Dizze kear binne jim allegearre fan herte útnoege om nei ôfrin fan it konsert efkes mei te skroeien.

Kampioenen

De hiele maaitiid ha wy tawurke nei it festival op it Dútske eilân Borkum. Mei it swit op it gebit betiden, want Paulus hie in pittich stik útsocht. Lykwols, it moast de útsmiter wurden fan tsien jier gearwurkjen, dat wy woenen de hûd der noch wol in kear op sette. Dat is slagge. En hoe!

Moarns om fiif oere mei in busfol dat út nei Eemshaven. De bern fan Eenhoornbrass wienen ek mei. Dy moasten ek al as earste blaze en minsken, it pikefel strûpte ús betiden oan boppen ta, sa moai. Se krigen fan de sjuery 86 punten en dêrmei wienen se troch de oare bands yn ‘e fyfde divyzje net mear te besjitten. Foar dirigint Gatse Hylkema ek skitterend fansels.

Wat letter op ‘e moarn moasten wy sels oan ‘e bak. It rûn as it spoar, dat hie op ‘e rippetysjes wolris oars west. Wy krigen 91 punten en waarden dêrmei fuort ek kampioen fan ‘e dei. Dat ha wy al efkes fierd fansels, want sa krige Paulus dochs de útsmiter dy ‘t wy him sa graach gunden en dy ‘t er ek fertsjinnet.

Eksamens

Sneon 25 juny hat noch in hiele ploech fan ús jeugd eksamen dien. Se binne allegearre slagge. Susannah van Poppel, Silke Meester, Jelmer Mollema, Jetze Klaas Dijkstra en Roas Kuipers binnen allegearre foar A slagge. Franke en Marije van Zuilen, Fransje Meijerink en Tijs Dijkstra krigen har B-diploma en Rutger Mollemal slagge foar C. Ekstra bysûnder wienen Jelmer, Roas, Tijs en Fransje, want dy slaggen ek nochris mei lof. Wy binne grutsk op ús learlingen dy ‘t it sa knap dogge en hoopje dan ek dat se noch lang by ús feriening bliuwe meie.

Geslaagd!

Wy geane no earst mei reses en hoopje jim nei de simmer wer te treffen. Wy doare de koffer mar amper op te bergjen, want al betiid yn ‘e hjerst stiet de NBK wer op it program. No noch net oan tinke. Wy winskje elk in hiele noflike simmer ta en graach oant septimber!

Oant sa fier, tenei mear,
Martsje de Jong