Nijs – juny 2018

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Is it jim ek opfallen hoe kreas as de trije doarpen der wer hinne lizze? Elk hat blommen yn ’e bakken foar en efter hûs. Geraniums binne it. Steande, hingjende, rôze, wite, reade en ek noch wat Spaanske Margriten. Yn twa jûnen tiid kochten jim de hiele foarried blommen by ús op. Geweldich! Tige tank dêrfoar.

Ek Keningsdei wie wer in daverjend súkses. In optocht mei fleurige bern, hjir en dêr in flage, twa korpsen op in wein, mei nije marsen, allinnich it publyk liet it moarns wat ôfwitte. Dat is spitich, want it makket sa’n optocht noch folle fleuriger.

Middeis op it Molewjuksplein wie it fansels grut feest. Safolle guod, seinen wy by it opbouwen, mar yn in omsjoch koenen wy wer oer de bulten hinne sjen. Wát in folk kaam der wer op ôf en wat kochten jim in soad guod. Geweldich dat de iene syn ‘rommel’ de oare syn ‘skoare’ is. Dankewol, allegearre, foar jim kommen en jim keapjen. Takom jier selde dei, selde tiid en selde plak! Libbe rydt it hiele jier mei syn karre troch de provinsje, dat jim kinne alle dagen by him terjochte om jim guod kwyt te wurden. Moat der in hûs leech? Of in skuorke, as garaazje? Skilje 058 – 253 1705 en it komt altyd goed.

Pinkstermoandei gongen wy nochris mei twa korpsen op ’e wein troch Bitgum en Bitgummole. Dit om it ôfdielingspartoer fan OKK te huldigjen, dat de Bûnspartij wûn hie. Prachtich dat it sa koe: ien appke en de wein siet fol blazers. Hulde dêrfoar!

 

Fryske boeken

Op tongersdei 28 juny ha wy de Sutelaksje fan it Fryske boek  yn ús doarpen. De nijste Fryske boeken lizze dan wer yn ’e kroade en wy komme jûns fan 16:30 ôf by de doarren lâns yn Ingelum en fan 18:00 oere ôf yn Bitgum en Bitgummole. Wy ha eventueel de beskikking oer in pinapparaat, dat jo kinne mar raak keapje. Witte jo it efkes net wat geskikt is? Wy helpe jo graach! En is it boek dat jo ha woenen krekt op? Gjin noed, dan bringe wy it in wike letter by jo thús.

 

Surventobrass

Yn it wykein fan freed 15 en sneon 16 juny dogge wy wer mei oan it Surventobrass festival. Dat is in entertainmentwedstryd en dus moatte wy in showprogramma bringe fan in healoere. Dat ha wy ferline jier ek dien en dat fûnen wy prachtich. De sjuery ek, dat makke it noch moaier.
Op sneon 16 juny spylje wy as A-orkest, om healwei seizen middeis, as iepeningsband fan de wedstryd. Wy binne alwer drok oan it oefenjen, want dy noaten, dat is ien ding, mar der ek noch by dûnsje? Dat falt net ta.
Freed 15 juny, de jûns dêrfoar dus, komt Eenhoornbrass yn aksje op Surventobrass. Dizze regionale jeugdbrassband, sa meie wy it dochs wol neame, docht foar it earst mei oan dizze wedstryd en ek sy ha in prachtich programma op ’e stander.

 

Slotkonsert

As slotakkoard fan ús seizoen jouwe wy noch ien kear in grut konsert. Dat dogge wy by de fiver yn Bitgum, ûnder de titel ‘Bitgum night of the proms’. Wy binne hiel grutsk dat wy Eelke No Cash en The Bankrupt Boys, Harmen Schiphof en Joubrich van der Heide dan begeliede meie. It wurdt in swingende jûn, mei muzyk dy’t jim sa ien-twa-trije net by ús korps ferwachtsje soenen. Mar set it mar mei in dikke reade stift op jim kalinder:  Freed 6 july, in spektakel fan jewelste, op ’e doarpsgreide yn Bitgum.

Oant safier, tenei mear,
Martsje