Nijs – november 2023
Jorrit Dijkstra hie him pleatst foar de nasjonale kampioenskippen foar soloblazers. Dat wie op 7 oktober yn Utrecht en dêr hat er de pannen fan it dak blaasd, dat sadwaande is er as Nederlânsk Kampioen fan de fyfde divyzje wer thúskommen. Dêr binne wy as feriening fansels geweldich grutsk, soks bart ús net alle jierren!
It jout ús ek wol wat druk, hear, want Jorrit hat it him al even lapt, mar sels moatte wy sneon 4 novimber oan ’e bak op de Nederlânske Kampioenskippen. De try-outs yn Surhústerfean en Drachten giene lang net min, mar ek noch net hielendal goed genôch. Noch even switte dus, de lêste dagen!
Krystkonsert mei VoxNumero
Noteare jim it efkes: wy ha krystkonsert op sneon 16 desimber om 20:00 oere yn de tsjerke fan Bitgummole. Dit jier ha wy fokaal ensemble VoxNumero derby en dy sjonge alles, fan licht klassike wurken oant moderne krystlieten. It is in lust om te hearren, dat ik soe wol sizze, wês derby, want de tsjerke is samar fol.
Muzyk in elitêre hobby?
Dat wy in jonge blazer ha dy’t him de bêste fan Nederlân neame mei, dat sit him foar in part yn de genen (hy komt út goed laach ha ik jim krekt al útlein), mar moat dochs foar fierwei it grutste part komme út les en entûsjast oefenjen. Wy ha op dit stuit 15 (!) jonge muzikanten op les en dat is in lúkse dy’t in hiel soad korpsen net ha. Dêrom ha wy ek sa’n prachtich jeugdorkest.
Wy binne as feriening bûn oan muzykskoalle Seewyn, al ha wy dan wol sels ús dosinten útsocht. De kosten foar les oan de muzykskoalle binne foar de âlden folle heger as yn it ferline fia de feriening gewoan wie, en ek op syn minst trije kear heger as de kontribúsje foar de fuotbal, om mar wat te neamen. It is dus net foar neat dat der hieltyd minder bern muzykles folgje, want it is foar de measte âlden net mear op te bringen yn dizze ekonomysk drege tiid. Silst as heit en mem mar mear as ien bern op les ha, dan kinst mar knap ta de bûse.
Brassband Looft den Heer hat altyd besocht by te dragen yn de leskosten fan ’e learlingen. Dat wie al sa doe’t wy fan de gemeente Menameradiel subsydzje krigen foar elke learling en dat dogge wy noch no’t de subsydzjeregeling in pear jier lyn feroare is en elk korps in fêste bydrage krijt. Dy pakt foar ús in stik minder geunstich út as foar ferieningen mei bygelyks mar ien as twa learlingen, mar dat is net oars. It betsjut wol dat wy geregeld meidogge oan aksjes. Want oan ’e ein fan elk seizoen jouwe wy de âlders fan learlingen allegear in part fan de leskosten werom, sadat it noch in bytsje betelber bliuwt.
Koartlyn ha wy meidien oan de Rabo Clubsupport. Dêr hellen wy it geweldige bedrach op fan €1101,97. Tige tank dus foar elk fan jim dy’t op ús stimd hat!
Ek ús donateurs ha allegear wer berjocht hân. Geweldich hoe’t ús fêste ploech ús alle jierren stipet. Meikoarten sille wy in wervingsaksje op tou sette om nije donateurs te finen, want dat ha wy al in jier as tweintich net dien en der binne yn dy tiid fansels in hiel soad oare minsken yn ’e doarpen kommen te wenjen. Wy hoopje dan ek fan herten dat jim dit lêze en tinke: hea, ik bin noch gjin donateur, mar soe it korps bêst mei in jierlikse bydrage stypje wolle. Dan hoege jo net op in aksje te wachtsjen, mar kinne jo ek kontakt sykje fia info (@) brassbandlooftdenheer.nl
Oant safier,
Martsje
Jorrit Dijkstra op it NK solisten

Rabo ClubSupport Cheque
