Nijs – septimber 2019

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Je kinne it je hast net begripe, mar de knyntsjedagen binne wer om. Wylst de lêste protters dea fan it daksgoate rûgelje, de Van Aismadagen fierd wurde en elk him wer klear makket foar skoalle en wurk, komt hjir en dêr de toeter ek wer út ’e koffer. De earste repetysje hat west en dat kaam der op oan. Net allinnich om’t it yn de Molewjuk aardich brodzich wie, mar ek om’t de measten fan ús nei safolle wiken alwer efkes oan ’e kondysje wurkje moatte. Op ’e stander stiet it stik ‘The Patriots’ fan Jan de Haan, dat wy op sneon 26 spylje sille op de NBK yn Utrecht. Op sneon? Ja, no’t wy nei de 2e divyzje gongen binne, spylje wy net langer op freedtejûn, mar op sneontemoarn. Ik bin benijd hoe goed ús dat foldocht, mar dat sil de tiid leare.

Wy oefenje ek foar de fyftichste troudei fan Libben en Reintsje, op sneon 5 septimber, prachtich dat jo sa lang by elkoar wêze meie en dan ek noch mei nocht en wille. Lokwinske en wy winskje jim noch mannich noflike jierren mei elkoar ta.

 

Mechelen

Belofte makket skuld, jim hienen fan my noch in reiskeferslach tegoede fan ús wykein Mechelen. Dat wie wakker moai fansels, dat kin jim begripe. Op freedtemiddei dat út, mei in poerbêste bus en jûns in oere as njoggen teplak op rekreaasjekompleks De Nekker. Dêr hienen wy seis jier lyn ek sitten mei de Vlaamse Open Brassband Kampioenschappen en dat wie doe wol yn oarder, dat dêr mar wer hinne. It wie ek dat lêste wykein fan juny al gleonhjit en wy koenen fernimme dat it dêr yn België nochal efkes waarmer wie as by ús.  Tritich graden wienen wy samar foarby, mar dat hindere neat, want jûns koenen wy lang bûten sitte en wy hienen wat te drinken en in lyts hapke by ús, dat de catering skuorde ús der wol troch.

Sneons krigen wy in rûnlieding troch it sintrum fan de stêd. Net in hiele lange trip, want wy moasten rinne en it wie yntiids in graad as 34. Gelokkich mochten wy ek yn de grutte kathedraal en dêr wie it noflik fansels. Doe kaam it letterlike hichtepunt, mei de klam op hichte, want dy’t dat woe, mocht de toer fan dy kathedraal beklimme. Hûndert meter, mear as 500 triemen, mar gelokkich koenen wy no en dan efkes útpûste op in platfoarm, dêr’t dan wat ferteld waard oer de toer sels en foaral de grutte beiaard, ofwol it karriljon. Dy ha wy ek efkes heard en it wie in pracht.

Boppe op dy toer fansels efkes bûtendoar sjoen hoe’t Mechelen der fan boppen út seach en doe yn sân hasten de treppen wer del en op nei de tsjerke yn Hombeek, want dêr moasten wy oefenje foar it konsert jûns. Jo soenen sizze, tsjerke is koel, mar yntiids stie it kwik op 38 graden en ús it swit op it gebit. Wy ha lykwols oefene mei beide korpsen, want wy dienen ek stikken tegearre. Doe efkes ite en jûns dan it earste konsert. Prachtich. Ek de neisit smakke tige.

Sneintemoarns nei iten krigen wy in rûnlieding by Bierbrouwer Het Anker, dêr’t ûnder mear de Manenblusser broud wurdt en de Carolus-bieren. In soad sjoen en leard en de priuwerij neitiid foldie ek poerbêst, dat wy ha nei ôfrin noch efkes in slach troch it winkeltsje west om ek wat lekkers mei nei hûs te nimmen. Ta beslút noch in konsert op it binnenplein by de brouwerij. Dêr wie net folle drokte, dêr’t in grutte bus it stik ‘live and let die’ wol hiel letterlik naam en omtrint noch efterút oer ús Rutger hinne karkje soe, mar dat gong gelokkich krekt goed. Rutger hat syn solo der trouwens net in tel om ûnderbrutsen, dat wy ha ek mar gewoan trochset.

Doe noch de lange rit werom nei hûs, mar dy ha wy foar it grutste part sliependeweis oanein brocht fansels.

Al mei al ha wy in tige slagge wykein hân, dêr’t wy mei in soad wille op werom sjen kinne.

 

Oant safier, tenei mear,

Martsje