Nijs – july 2018

Nijs fan Brassband Looft den Heer

De lêste wiken fan it muzykseizoen binne yngien. Noch ien konsert en dan sit it seizoen der foar ús op. Fansels ha wy neitiid noch al efkes twa rippetysjes, mar dat is om krekt efkes te rûken oan it nije NBK-wurk ‘Vikging Age’, dat foar ús ferplichte is yn oktober.
Wy sjogge werom op in prachtich jier, en ek op in tige slagge sutelaksje mei Fryske boeken. Tank foar elk dy’t de kroade ferwolkomme, jim stipen ús opnij. Wy binne dêr och sa wiis mei, want wy brûke dizze sinten om twa nije euphoniums oan te skaffen. Sokke ynstruminten kostje in lyts fermogen en troch út en troch aksjes te hâlden, kinne wy de sinten by elkoar krije dy’t nedich binne om ús ynstrumintarium op peil te hâlden.

 

Night of the proms

It grutte slútstik fan dit jier is fansels it Night of the Proms-konsert, by de fiver yn Bitgum, op freed 6 july. Ik set it hjir noch mar efkes del, foar it gefal de doarpskrante foartiid noch krekt troch jo lêzen wurdt. Net ferjite en net stinne mar hinne, want it wurdt in machtich, swingend spektakel dêr op dy Doarpsgreide.

Sjug hjir foar foto's fan it Promskonsert 

Surventobrass

Yn it wykein fan freed 15 en sneon 16 juny ha wy nei de Flambou west yn Surhústerfean, om dêr mei te dwaan oan it Surventobrass Festival. Op freedtejûn die ús jeugd fan Eenhoornbrass mei. Se dienen it geweldich. In programma om ‘U’ tsjin te sizzen en de presintaasje troch eigen leden, it foel wakker yn ’e smaak by it publyk, en dat wie in hiel grut publyk, want de hiele tsjerke siet fol. It smiet Eenhoornbrass de Entertainmentpriis op en dat is in prestaasje fan formaat.
De deis dêrnei spile Looft den Heer sels. Wy hienen in program mei lichte muzyk, sang en dûns, teater en solowurk. It waard goed wurdearre troch de sjuery’s en sawol de solistepriis as de ‘totaalpriis’ wienen foar ús. De entertainmentpriis net, dat ûnbruts noch, mar wy wienen mear as dik tefreden!

 

Eksamen

Wy hienen ek dit jier wer in learling dy’t eksamen die. Dizze kear Wietse Mollema, dy’t A-eksamen die op syn bariton. Hy helle mar leafst 52,5 punten, in resultaat om grutsk op te wêzen!

Oant safier alwer it seizoen 2017-2018 fan ús korps, wy sjogge en hearre elkoar nei de simmer graach wer!

Oant safier, tenei mear,
Martsje

Wietse Mollema – bariton