Nijs – juny 2016

Nijs fan Brassband Looft den Heer

As ik dit stik skriuw binne wy mei de lêste tariedingen dwaande foar ús optreden op it Dútske eilân Borkum. Mei in bus fol muzikanten, Looft den Heer en Eenhoornbrass, sille wy dy kant út. Wy ha der in soad sin oan, mar Thyellene is in pittich stik. It wie oarspronklik ek skreaun foar in hegere divyzje as dat wy yn spylje, mar in útdaging op syn tiid hâldt je wekker, dus dat is ek wolris goed foar ús.De jonge blazers fan Eenhoornbrass sette de tosken yn Dakota fan Jan de Haan. Yn dit stik nimme se ús mei nei de Sioux indianen út de Amerikaanske Steaten Noard- en Súd-Dakota. It giet oer de Grutte Geast, dêr ‘t sy yn leauwe, dy ‘t neffens harren it libben makke. Mar ek oer de jacht op buffels, it smoken fan in fredespiip, it dûnsjen om fjoer en totempeal en it eindiget mei in betinking fan de massamoard op de Sioux troch de Amerikaanske kavaleristen yn 1890, yn in doarpke op de heuvel Wounded Knee.
Dakota is in prachtich stik foar Eenhoorn Brass en se komme út yn de fyfde divyzje.
Thyellene giet oer de fjildslach op de Tielenheide by Turnhout, yn 1597. De 80-jierrige oarloch dus. It Nederlânske Steatsleger, ûnder oanfiering fan Maurits van Nassau weefde hjir ôf mei in grut Spaansk leger. Dat gong der dêr goed om wei en dat is yn it stik ek skoan te hearren.

Klank fan Fryslân

Tusken alle rippetysjes troch ha fiif fan ús learlingen ek nochris meidien oan it provinsjale solistekonkoers Klank fan Fryslân, dat sneon 28 maaie yn Ljouwert hâlden waard.
Jetze Klaas Dijkstra (kornet, fyfde divyzje), Roas Kuipers (kornet, jeugddivyzje), Fransje Meijerink (bariton, tredde divyzje) en Tijs Dijkstra (kornet, tredde divyzje) ha harren dêr knap hearre litten, mar foelen dit jier net yn ‘e prizen.

Rutger Mollema (2e divyzje, es-kornet) die it lykwols sa goed dat er net allinnich kampioen waard yn syn eigen divyzje, mar ek nochris kampioen fan ‘e dei, mei 91 punten en lof fan de sjuery. Hy mei ús, en fansels Fryslân, op 1 oktober yn Utrecht, by it Nasjonaal Solistekampioenskip foar blazers.
Wy binne fansels op al ús learlingen sa grutsk as wat. Sa ‘n grut konkoers is net neat. En wy lokwinskje Rutger en ek syn dosint Paulus mei dit geweldige resultaat.

Ofskiedskonsert Paulus

As wy werom komme fan Borkum kinne wy net op ús slofkes it seizoen efkes ôfraffelje. Der moat noch hurd wurke wurde foar it lêste konsert fan dit seizoen. It wurdt it ôfskiedskonsert fan en foar ús dirigint Paulus, dy ‘t der nei tsien jier mei ophâldt. Hoe let krekt en wêr, dat fertel ik de oare kear, mar jim moatte de datum al efkes op ‘e kalinder sette: sneon 9 july. Mis it net!

Oant sa fier, tenei mear,
Martsje de Jong