|
Nijs fan Brassband Looft den Heer
(november 2011)
Minsken,
minsken, wat wie it in moaie jûn op de 15-de oktober. In moai fulde
tsjerke dy troch de oanklaaikommisje sfearfol ynrjochte wie en wat
noch fersterke waard troch de mannen
fan it ljocht. De bylden op it skerm brochten elk yn de goeie sfear en
foar ús wie it noflik muzyk meitsjen foar dit publyk. By elk konsert
stean ik der sels wer fersteld fan hoe‘t ús jeugd sa ‘n aardich
en muzikaal programma bringt. Spitigernôch ha in tal talintfolle
muzikantsjes doch in oare kar makke foar harren frije tiid, mar de
oaren spylje gelokkich enthousiast fierder!
Middeis
wie der al in koarte foarrepetysje west en hat it grutte korps
mei-inoar in lekker buffet iten yn it speklokaal yn de Molewjuk. 2010
wie in jubileumjier foar Looft den Heer (foarich jier is it der troch
diverse redenenen net fan kaam)en by sa’n jier hearre huldigingen.
Soms fynt soks plak tidens in konsert, mar omdat der wol 12
jubilarissen wienen ( en dan telle wy de muzikanten fan 12½ jier net
iens mei!) ha wy dit yn besletten romte dien. Want by sa’n jubileum
heart in spjeldsje en in ferhaaltsje. It bestjoer hie ûnderling de
jubilarissen en dus ek de ferhaaltsjes wat ferdield en it wie moai om
te sjen en te hearren hoe’t elk him op syn as har eigen wize der mei
rêde. Komplimint! Ek no wie wer te sjen dat in feriening út mear
bestiet as sa folle mooglik punten byelkoar te blazen! Mar wa wienen
dat no allegear.
Foar
25 jier muzikant wêze by in feriening: Sietzeklaas Lok, Klaas Jan
Agema, Bauke Dijkstra, Hans en Klaas Dijkstra , Jettie Dijkstra-de
Jager en Ruurd Mollema (krijt it spjeldsje noch want hy moast fuort
foar de baas)
40
jier muzikant: Jurjen Zwalua, Germ Brunia en Els Brunia-Groenewoud en
mear as 50 jier muzikant: Syds Rondaan en Libbe Dijkstra. Miskyn hie
ús korps wol de primeur fan de nije spjeldsjes fan it nije ferienige
Frysk Bûn fan korpsen. In moai pompebledsje!
En
dan no foarút. Op 2 desimber is it wer sa fier. Dan giet it wol wer
om de punten by it NBK yn de Martini Plaza yn Grins. We binne al wer
fanatyk dwaande mei it stik Sinfonietta no. 1 fan Johan de Meij. Nij
skreaun foar dit evenemint en ek de tredde divyzje by de Switserske
kampioenskippen moat gear oer dit stik. Fansels binne jim tige benijd
hoe dit klinke sil en miskyn wolle jim ek wol witte wat der yn de oare
divyzjes bart. At jim op 26 novimber nei de PKN-tsjerke yn Bitgummole
komme kinne jim fan in oantal divyzjes it ferplichte stik hearre.
Blaast
de Bazuin Alde en Nije Bildtdyk (4), Looft den Heer Bitgummole en
Apollo Grou(3), De Bazuin-B Oentsjerk(2) en De Bazuin-A Oentsjerk(kampioensdivyzje)
Dizze Try-out
begint om 19.30 oere en de tagong is al wer fergees. Der is wol in
ponkje by it útgean en by it lêste konsert wie de opbringst wer
geweldich! Tige tank derfoar!
Ik
wol noch even werom komme op de jeugd. Wy ha op dit momint sa’n
slachwurkers yn oplieding, dat Gatse Hylkema in spesjale
slachwurkgroep oan it wurk hat sadat sy ek oan harren trekken komme.
Om beurten slaan sy ek mei it jeugdkorps mei. By in folgjend konsert
sille jim der beslist mear fan hearre. Earst mar wer oant sjen op 26
novimber.
Els.
|