Nijs – desimber 2019

As it stik ynienen út is ...

Samar binne wy alwer oan ’e ein kommen fan 2019. Aanst brekt 2020 oan. Foar ús it jier fan ús 75-jierrich jubileum, in jier dat yn it teken stean sil fan bysûndere konserten en aktiviteiten. Ek it jier dat ús boek ferskine sil, oer de histoarje fan ús korps. In boek dêr’t wy it earste eksimplaar fan útrikke woene, al moasten wy dat noch al efkes mei him beprate, oan Ulbe G. Dijkstra. ‘Uppie’ sa as de âldere generaasje him ken. Jierrenlang trou lid fan ús korps, foar it earst by it ‘grutte korps’ begongen op 14 novimber 1949, tagelyk mei Tymen Grovestein en Sape Nauta, dy’t krekt weromkommen wie út Yndië wei. Hy begûn op bugel, waard al gau befoardere nei 1e piston (no neame wy dat in solocornet) en spile letter ek noch bas. Yn de grutte opboujierren fan it korps, mei dirigint Harm Witteveen en letter Bernhard van der Wal, wie Ulbe bestjoerslid en ek in skoft foarsitter.

Doe’t er sels net mear blaasde, waard er trou frijwilliger en fan. Yn oktober gong er mei ús nei de try-out foar de NBK, yn Drachten. Net rjocht fit, mar net kleie, wat stiller wat better.

As ferieningsbestjoer hiene wy yntiids betocht dat Ulbe earelid wurde moast fan ús korps. Dat kaam him, mei al syn fertsjinsten troch de jierren hinne, mear as ta. Dat soe dan ek op dy bewuste jubileumdei, 4 april 2020, barre. Mar Libbe, ús besbasblazer, hie it idee dat der wat net doogde mei syn broer, en dat kaam út. Ulbe krige min nijs yn it sikehûs en ynienen blykte de slotmaat fan it konsert fan syn libben aaklik tichtby te wêzen.

Dêrom teagen wy as korps op tongersdeitejûn 14 novimber fan dit jier, op ’e dei ôf santich jier nei syn earste repetysje en ek hast op ’e minút ôf dat er dy jûns yn 1949 mei syn toeter oan it stjoer fan ’e Berltsumerdyk yn Bitgum nei de repetysje yn Bitgummole fytste, nei it hûs fan Ulbe en Gryt oan de Klaas van der Meijstrjitte. Dêr, achterhûs en yn it bywêzen fan Gryt, harren bern en bernsbern, spilen wy in pear koralen en in mars, ûnder lieding fan syn âlde freon Harm Witteveen, de dirigint fan 1966-1970.

Dy jûn waard Ulbe ek earelid fan ús feriening en krige de oarkonde dy’t dêrby heart. In hiele bysûndere jûn, mei romte foar ‘lach en traan’ sa as dat dan sein wurdt. As feriening binne wy bliid en grutsk dat wy dit dwaan koene. Op woansdei 27 novimber, noch gjin fjirtjin dagen letter, berikte ús it berjocht dat Ulbe ferstoarn wie, 80 jier âld, mar nóch te jong. Wy winskje Gryt, bern en bernsbern in soad sterkte ta om dit ferlies in plak te jaan.

Bestjoer, leden en dirigint
Brassband ‘Looft den Heer’