Nijs – novimber 2019

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Dêr wie it dan safier: sneon 26 oktober makken wy as korps ús debút yn de twadde divyzje fan de Nasjonale Brassband Kampioenskippen (NBK). Net hielendal wier, yn 1995 hat Looft den Heer ek ien kear meidien yn dizze klasse, mar dat is sa lang lyn, dat rekkenje wy mar net mear mei.

Hoe dan ek, nei twa moannen fan tarieding op it stik ‘The Patriots’ fan Jan de Haan, in stik dat giet oer de Patriottetiid fan de 18e iuw en dêr’t de wize fan ‘Merck toch hoe Sterck’ yn ferwurke is. It stik leit ús wol en op de beide try outs, yn Surhústerfean en Drachten, wiene de reaksjes al posityf. Dan gean jo wol mei in goed gefoel nei Utrecht ta. Moarns iere betiid dy kant út, want om kertier foar njoggenen wie de lotting en de earste moast om tsien oere op it poadium sitte.

 

Twadde yn de Twadde divyzje

No, wy lotten as earste, dat gjin tiid om ús drok te meitsjen oer knappe prestaasjes fan de konkurrinsje, mar fuort oan ’e bak. Ynblaze en doe nei it poadium. It woe omraak blaze en wy kamen hiel tefreden en bliid fan it poadium ôf en ek it publyk wie entûsjast. Doe wie it dan sawat healwei alven moarns en moasten wy oan healwei seizen ta wachtsje op de útslach. Dat is in hiel skoft, mar it wie it wachtsjen wurdich want wy waarden twadde mei 94 punten. Dat wie noch net alles: Tijs Dijkstra waard útroppen ta bêste solo-kornettist fan de hiele divyzje. It wie noch lang ûnrêstich yn Utrecht.

 

25 jannewaris – iepeningskonsert Jubileum

Feest of gjin feest, de fuotten moatte wer op ’e grûn en wy moatte oefenje foar it iepeningskonsert fan ús jubileumjier, op sneon 25 jannewaris. Dy jûn sil ek it jeugdkorkest fan him hearre litte. Op dizze jûn wurde ek de priiswinners fan ús grutte ferlotting bekend makke. Ferlotting? Ja, dat wisten jo noch net, mar ein dit jier komme wy by jo lâns mei lotten. Dy kostje €2 euro it stik, of trije foar €5. Mear mei fansels ek.

Ha jo trouwes it oanmeldformulier foar de reüny al ynfuld? Dat stie yn de oktoberedysje fan Doarp en Sport. Oars efkes op de webside sjen www.brassbandlooftdenheer.nl

Eksamens

Yn de tuskentiid ha fjouwer learlingen teory-eksamen dien. Rixt Stelwagen en Jelmer Mollema diene dat foar har A-diploma slachwurk en Geeske Stelwagen en Jetze Klaas Dijkstra foar har B-eksamen blazen. Yn desimber folgje dan de praktyk-eksamens. Wy hâlde jim op ’e hichte.

Oant safier, tenei mear,

Martsje