Nijs – febrewaris 2019

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Wy ha it wakker drok mei de tariedings op ús donateurskonsert fan sneon 16 maart oansteande, yn de PKN-tsjerke fan Bitgummole. Dizze jûn sille wy in stikmannich klassike wurken bringe, mar ek de lichte muzyk net ferjitte. Swinge en dreame, sa’n jûn wurdt it. In part fan dit programma sille wy ek fjirtjin dagen letter hearre litte as wy op besite binne yn Elsloo, wêr’t ús âld lid Jeltsje Reijenga hinne ferhuze is. In moai foarútsicht om dêr, tegearre mei de pleatslike fanfare Concordia in konsert te fersoargjen.

Europeeske Jeugdbrassband

Wy binne der grutsk op dat ús escornettist Rutger Mollema, fan Cees en Tsjikke, útnûge is om yn de Europeeske Jeugdbrassband te spyljen by de Europeeske Brassband Kampioenskippen op 26 en 27 april yn Montreux, Switserlân. Tijs Dijkstra, fan Klaas en Jetty, die ek audysje. Hy waard no net selektearre, mar dizze cornettist krijt syn kâns grif yn in oar jier, dêr bin ik wis fan.

Poiesz Sponsoraksje

Us jeugdkorps, in prachtige gearwurking mei de jeugd fan Harmonie Bitgum, Opmaat Berltsum en Constantia en Hallelujah fan Menaam, is útkeazen as goed doel by de Poiesz Sponsoraksje. Geweldich fansels en wy dogge no allegearre fanôf 29 jannewaris ús boadskippen by de Poeisz, om safolle mooglik sponsormunten yn te sammeljen. Dizzen krije jo by alle filialen fan Poiesz, mar se kinne allinnich yn Menaam yn de buis fan ús jeugdkorps. Der stiet ‘Toeterbearen’ op de buis. 

Poiesz-JSa

Net tinke dat jim dan allinnich it jeugdkorps fan Menaam stypje, it giet echt om it jeugdorkest fan de fjouwer doarpen.  Wy binne hjir hartstikke wiis mei en hoopje dat jim manmachtich de munten opgarje. As jo sels net yn Menaam komme, bring se dan mar by ien fan ús: yn Ingelum by Trynke van der Heide, yn Bitgummole by Ruurd en Selma Mollema, yn Bitgum by my. Op 6 april wurdt de útslach bekend makke. It bedrach dat wy dan by elkoar garre ha, wolle wy brûke foar moaie shirtsjes foar de leden fan it jeugdkorps.

Rommelmerk

Fansels kinne jo ek alle dagen fan ‘e wike, útsein snein, fan jo rommel en âld izer ôf. Skilje 2531705 en Libbe hellet it by jo wei. Sadat wy  ek wer in moaie rommelmerk hâlde kinne op Keningsdei.

Oant safier, tenei mear,
Martsje