Nijs – jannewaris 2019

_DSF6052

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Allerearst wol ik jim, út namme fan bestjoer, dirigint en leden fan ús korps, lok en seine foar it jier 2019. Wy hoopje jim ek it kommende jier wer te moetsjen op ús konserten, of gewoan yn ’e buorren.

Wat sjogge wy werom op in prachtich jier, wêryn’t wy kampioen waarden sawol by it Surventobrass entertainmentfestival, as by de NBK yn Utert. Twa titels, dat is wat dêr’t wy tige grutsk op binne. Ek 2017 wie it sa en soks is fansels hielendal net ‘gewoan’, dat is bysûnder. Noch bysûnderder is it dat wy mei safolle nocht mei elkoar muzyk meitsje. Want like grutsk as op ús titels binne wy op ús optredens yn eigen doarp. In feestlike Pinkstertsjinst, in machtich Bitgum Night of the Proms by de fiver, in donateurskonsert, in rommelmerk, efkes mei de keatsers troch de buorren tegearre mei ús susterkorps Harmonie, meispylje mei dat prachtige jubileumkonsert fan Harmonie, de yndrukwekkende lêste snein fan it tsjerklik jier, it binne stik foar stik mominten dat wy hjir yn it doarp aktyf binne en dêr och sa fan genietsje. Wy hoopje jim ek.

 

_DSF6185

_DSF6063

Wat wie it ek moai op snein 16 desimber, it krystkonsert mei Gezina van der Zwaag. De tsjerke siet grôtfol, de muzyk wie prachtich en de sfear geweldich. Wy fûnen it in geweldige jûn en wy hoopje jim ek.

No’t it nije jier oanbrutsen is, steane wy wer foar nije útdagings en konserten. It earstfolgjende konsert is sneon 16 maart yn Bitgummole, dan ha wy ús jierlike donateurskonsert. Yn de tuskentiid kinne jo ús ek efkes oansjitte foar jim rommel, âlde kasten, tafels, stuollen en âld izer. Skilje 2531705 en Libbe hellet it by jo wei. Sadat wy  ek wer in moaie rommelmerk hâlde kinne.

Oant safier, tenei mear,
Martsje