Nijs – oktober 2018

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Oktober foar de doar. Dat betsjut dat it hast oan de NBK ta is, de nasjonale kampioenskippen. Freed 26 oktober is it sa fier, dan reizgje wy ôf nei Utert, om dêr yn Tivoli Vredenburg ús ferplichte wurk Viking Age út te fieren. In machtich wurk yn alle opsichten. Technysk net it dreechste stik, mar om de klank, de suverheid en de balâns yn dit hiele wurk goed te hâlden, dat is noch wol in útdaging. Der sitte in soad lange noaten yn en, sa as dat by Vikings blykber gong, is it ek frijwat lûd hjir en dêr, dat der moat in bak lucht by. In kompressor op ús toeters soe gjin oerstallige lúkse wêze, de Pearse kabinetten fan Kok stekke mar skier ôf tsjin de Pearse Koalysje fan ús Gijs, sa is it al. Wy ha yn it twadde wykein fan oktober stúdzjewykein en dan ek jûns in Try-out yn Gorredyk. Dy’t wol moat mar efkes komme te lústerjen.

 

Jeugdkorps

De oare kear sei ik al dat wy yn ’e slach wienen om ús jeugdkorps opnij foarm te jaan. Want net allinnich wie ús muzykdosint en jeugdkorpsdirigint Gatse Hylkema der mei ophâlden, wy sieten ek net hiel rom yn de learlingen. Mei oare wurden: sels noch in jeugdkorps derby hâlde, wie op dit stuit efkes net mooglik. Dêrom ha wy ferbining socht mei de jeugd fan Harmonie Bitgum en fan OpMaat út Berltsum. Want rûnom is it itselde: der is wol jeugd, mar krekt net genôch om se mei elkoar moai blaze te litten. Dizze trije korpsen mei elkoar ha lykwols in prachtich ploechje en dy rippeteare no mei elkoar elke woansdeitejûn om healwei sânen yn Ons Huis, ûnder de entûsjaste lieding fan Christina van der Bijl, dy’t ek dirigint is fan Harmonie. Jim moatte foar de aardichheid ris om it hoekje sjen, it is in pracht en wy binne der hiel grutsk op dat wy as ferienings mei elkoar sa ús takomstige leden de wille en de keunst fan it blazen yn korpsferbân bybringe kinne.

Krystkonsert

Ik sis it noch mar wer efkes: Snein 16 desimber, jûns 20:00 jouwe wy in krystkonsert yn ’e tsjerke yn Bitgummole en dat dogge wy tegearre mei Gezina van der Zwaag. Yntiids ha wy it programma sa goed as klear en dat wurdt tige de muoite wurdich, dat soargje dat jim der by binne! Yn it folgjende nijsberjocht lêze jim alles oer de kaartferkeap foar dit konsert. 

Jubileum

Yn septimber fertelde ik oer it jubileumboek dat wy graach meitsje wolle. Yntiids is der by my al wat histoarysk materiaal brocht fan ús feriening, mar ik hoopje ek fan herten dat jim sels nochris yn jim doazen en kasten sneupe wolle. Want hoe lyts ek, foar ús is ek jim oantinken fan belang. In leuke foto fan in stúdzjewykein? In brike set? In geweldich konkoers? Praat ús by, of bring it efkes oan, wy binne der och sa wiis mei.

Oant safier, tenei mear,
Martsje