Nijs – septimber 2018

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Alle jierren itselde ferhaal: sa is it fakânsje en sa begjint ek alwer it nije muzykseizoen. En dus steane wy no wer oan ‘e start fan in nij jier fol drokte. Mei de Nederlânske Brassbandkampioenskippen yn ’e hjerstfakânsje as earste grutte optreden. Wy ferdigenje dit jier ús titel, dat wy wienen foar de fakânsje al los mei it ferplichte stik ‘Viking Age’ fan Thierry Deleruyelle. Vikings, soks leit ús wol, it jout ús as Friezen dochs wat in famyljegefoel. In moai stik, dêr’t wy de kommende wiken mei in soad nocht oan wurkje sille, dat is wis.

Night of the Promskonsert

Wy genietsje yn ’e tuskentiid noch nei fan it Night of the Promskonsert, op 6 july. Wát in minsken, wát in prachtich waar en wat wie der in knoarre wurk ferset troch Doarpsbelang en Libbe om de Doarpsgreide om te toverjen ta in konsertlokaasje fan komsa. Ut alle hoeken en gatten kamen minsken oanrinnen en aldergelokst hienen guon eigen stuollen meinommen, want der wie net genôch romte op ’e banken. De optredens fan ús lokale artysten foelen geweldich yn ’e smaak en de kombinaasje mei ús korps wie foar in soad minsken tige ferrassend. It wie foar ús allegear dan ek in grut feest om mei te meitsjen. Hjirwei wolle wy tige tank sizze oan jim allegearre foar jim kommen, oan Doarpsbelang foar it pleatsen fan tinten en bar en foar al dy frijwilligers dy’t holpen by it opbouwen en ôfbrekken en dy’t ús  allegear fan wiet en drûch foarseagen. As it oan ús leit wie dit net de lêste kear!

ôfskied fan Gatse Hylkema

By ús lêste jûn foar de fakânsje, tradisjoneel mei barbecue, namen wy ôfskied fan ús koperdosint Gatse Hylkema. Jierrenlang hat er ús jeugd de wille fan it blazen bybrocht en tegearre mei ús Paulus de Jong wie it izersterke tandem yn de oplieding fan ús begjinnende muzikanten. Gatse kin oan ’e slach as dosint Maatskippijlear en dêr hat er lang en hurd foar wurke, wy fine it prachtich foar jim dat dit slagge is. Hy hâldt ek op as dirigint fan it jeugdkorps, mar bliuwt nei alle gedachten wol ferbûn oan it projekt Eenhoornbrass. As ôfskied krige er dan ek in opblaasbere  Eenhoorn mei as oantinken. Dy wie der ek foar Jetty Dijkstra, want sy hâldt op as koördinator fan de jeugd fan ús feriening. Oare kear hearre jim hoe’t ien en oar tenei foarmjûn wurdt.

Krystkonsert

Ja, dêr stiet it echt: Krystkonsert. Ik wit dat ik ferhipte betiid bin, mar yn it foarste plak bin ik nochal wat in winterminske, dat as ik it wurd Kryst brûke mei, dan sil ik dat net litte, en yn it twadde plak binne dei en oere oars as dat jim fan ús wend binne. It giet my der no foaral ek om dat jim op ’e tiid thús de aginda/kalinder bywurkje.

Snein 16 desimber, jûns 20:00 jouwe wy in krystkonsert yn ’e tsjerke yn Bitgummole en dat dogge wy tegearre mei Gezina van der Zwaag.

Mei opsetsin op jûntiid, sadat elk earst noch nei Ljouwert kin, dat dat wykein yn Dickens-styl wêze sil. Ik praat jim yn ’e rin fan ’e hjerst noch wol by oer tiid en plak fan kaarferkeap.

Jubileum

Noch sa’n foarútblik in ein de takomst yn: it seizoen 2019-2020 stiet folslein yn it teken fan it 75-jierrich bestean fan ús feriening. Graach wolle wy dan ek in boekje meitsje oer ús klupke en soks is fansels net samar klear. Dêr ha wy JIM by nedich. Wienen jo lid, of trouwe fan? Ha jo noch ferhalen, foto’s, of oare stikken dy’t de muoite wurdich binne en bydrage kinne oan ús boekje? Dan kinne jim kontakt mei my opnimme, of ien fan ús oare bestjoers-  of korpsleden. Dêrom wol ik jim freegje: dûk yn jim kasten, hoekjes, gatten, kelders en ûnthâld, jim meitsje ús der och sa bliid mei!

Oant safier, tenei mear,
Martsje