In memoriam – Syds Rondaan

In Memoriam - Syds Rondaan

Wat kin in klap dy ’t je oankommen sjogge, je dochs ferskriklik oer it mad komme en hurd reitsje. Sa is it mei it ferstjerren fan ús bassist Syds Rondaan.

In lid fan ús korps. Bûtengewoan lid. Sechstich jier sawat hat er syn partij meiblaasd, wie it korps in grut diel fan syn libben. Dêrfan siet er mar leafst 38 jier yn it bestjoer. Dy ferieningsleafde joech er troch oan syn bern en bernsbern: trije generaasjes ha der wol tagelyk op it poadium sitten. Hy wie ús technyske man efter alle snufkes dy’t jo net altyd sjogge, mar dy ’t jo misse soenen as se der net wienen. Dempers foar grutte ynstruminten bygelyks, karren foar it slachwurk, dekorstikken, tafels foar de dirigent en gean sa mar troch. As der hjir as dêr ferlet fan wie, dan koe Syds it meitsje. Dêrneist wie er ús grillmaster op alle setten en pretten dêr’t wy, wapene mei ús kingsize barbecue, oanwêzich wienen. Hy paste op elk syn fleis, mar fergeat himsels dêrby noch wolris. Typearjend foar Syds, dy ’t it korps foarrang joech boppe in hiel soad oare dingen.

 

 

Foarrang ek yn it ôfrûne jier, doe’t hy wist dat er siik wie. Mei de wittenskip dat ‘it net goed komme soe’, kaam er ferline jier op ’e Nederlânske Brassband Kampioenskippen.  Net ien mocht eins witte hoe slim it der foar stie, it soe de jûn mar bedjerre, wie syn oardiel. Mar it kaam út. Fansels kaam it út. Wy blaasden mei it hert op ’e stander en de triennen oer ’e wangen. Dat kaam ek oer by it publyk, dy’t net witte koe wat der spile, mar dy’t wol de yntinsje field hie. In steande ovaasje, grutter wurdearring koenen wy net krije. De muzyk hie ús optild.

In nuver jier folge. Syds net mear op syn fêste plakje tusken de bassen, it like as gappe der in gat. Mar hy bleau belutsen by de feriening. Wie by de konserten en spile mei yn ’e jeugdbrassband Eenhoorn Brass. Dêr genoat er fan. As lid fan ’e oanklaaiïngskommisje bleau er aktyf by de tarieding fan ús konserten sa as er dat altyd west hie. Foar de rommelmerk tekene er sa’n prachtige opstelling fan tinte, tafels en soarten guod, dat wy mei it opbouwen samar klear wienen. It kloppe allegearre as in bus.

Doe’t wy fan ’t simmer ús slotkonsert joegen yn Ljouwert, op it Saailân, soarge Syds foar it ynstrumintarium en stienen de stuollen klear doe’t wy oankamen. Mar by de barbecue op ’e weromreis misten wy ús sjef en dat die sear.

Eins is it ûnmooglik om te beskriuwen wat Syds foar de feriening betsjutten hat. Net allinnich yn praktysk opsicht, hy wie as in mentor foar ús jonge leden, waarm en belutsen. De wyks foar syn ferstjerren ha wy yn Berltsum noch foar him blaasd. In emosjoneel mar hiel weardefol momint. Triennen wienen der, mar ek stille wille, doe’t nei ôfrin de pot mei Wilhelmina pipermuntsjes brocht waard troch Gert.  Krekt as yn al dy jierren krigen wy in ‘muntsje’ fan Syds.

Freed 27 oktober is it wer NBK. Wy dogge mei. Dat moat fan Syds. ‘Trochsette!’ wie syn winsk. Wy binne grutsk en tankber  dat wy him yn ús fermidden ha mochten. En wy sette troch.

 

Mei groetnis,
Bestjoer, dirigint en leden

fan Chr. Brassband ‘Looft den Heer’