Nijs – maaie 2017

Nijs fan Brassband Looft den Heer

It lêste skoft fan dit muzykjier is alwer yngongen. Fan stadichwei ôfbouwe nei de simmer is lykwols gjin sprake. Wy ha noch in Pinkstertsjinst begelieden en fansels ha wy meiwurke oan it ôfskiedskonsert fan ús gemeente, op 20 maaie.

Tige tank!

Earst mar efkes weromsjen: de Rommelmerk. Moarns op Keningsdei ferhipte kâld op ’e karre en wat fine wy it spitich dat der gjin mear minsken lâns de dyk steane te sjen. Net allinnich om’t wy it fijn fine foar publyk te spyljen en it ek wol hiel unyk is dat der hjir twa korpsen binne dy’t mei elkoar ek noch op ien wein sitte. It is gewoan ek skande foar al dy berntsjes dy’t meifytse en rinne. Op in soad plakken is de optocht op Keningsdei al ferdwûn, hjir yn ús doarpen bestiet er noch, dat is in moaie tradysje dy’t jo dochs ek net misse wolle?

Middeis op ‘e Rommelmerk wie it smoardrok en ferkochten wy omraak.

Al dat guod wurdt elk jier wer kundich oan ’e man/frou brocht troch in knoarre frijwilligers, want mei allinnich de leden fan it korps ha wy lang net genôch minsken. Der is in hiele ploech minsken dy’t útsoarte neat mei it korps fan dwaan ha, dy’t har dy deis alhiel belangeleas de gatten yn ’e soallen rinne foar ús feriening. Dat fine wy GEWELDICH, dat kinne wy net faak genôch sizze. Dankewol!

Ha jo it hok en de souder ek fol? Hear efkes by Libbe (058-2531705), hy hellet it graach by jo wei. En moat it hûs fan pake en beppe leech? Of fan in omke en muoike? Al wenje se ek yn Appelskea, Libbe rêdt der mei.

Jeugd

It Eenhoornbrass projekt is dien, no is it wer tiid foar it ‘gewoane’ jeugdkorps en foar guon jeugdleden is it ek tiid om eksamen te dwaan. Dit jier binne dat der twa: Roas Kuipers docht eksamen foar B op har es-kornet. Laura Switijnk docht ek eksamen foar B, sy spilet althoarn. As dit krantsje by jim komt, ha se it al efter de rêch, wy binne der wis fan dat it wol goed gongen is.

Tijs Dijkstra, Roas Kuipers en Fransje Meijerink hienen har ek kwalifisearre foar it provinsjale solistekonkoers Klank fan Fryslân, op sneon 27 maaie. Se dienen mei yn ’e twadde divyzje. Roas en Tijs hellen elk 83 punten, hiel knap, it wie krekt te min foar in priis. Fransje spile mar leafst 89 punten by elkoar en waard dêrmei twadde, in geweldige prestaasje. Fan herte lokwinske alle trije, want wy binne grutsk op jim!

Survento

Ik neamde it krekt al efkes: Surventobrass. Dat is sneon 17 juny yn Surhústerfean en dêr sille wy ek meidwaan. Dizze kear net in dreech ferplicht wurk, mar de eask om in ‘entertainmentprogramma’ te bringen. Want, sa is de redenaasje, in stilsittend korps is net sa spannend om nei te sjen. Dus moat it oars. Ik sil jo sizze, wy binne flink út ús ‘comfortzone’ helle troch Gijs. It is in spultsje fan sjonge, dûnsje, op frjemde plakken stean en sitte, toaniel deropta en wilens ek noch toeterje. Yn it earstoan hienen wy it der net rjocht op stean, dat wol ik wol earlik sizze. Mar it went sa stadichoan al en dy’t ris op tiisdeitejûn yn ’e Molewjuk west hat, dy sil al wol ien en oar heard ha. Om’t wy fantefoaren net mear in offisjele try-out ha en der ek gjin konsert mear op it programma stiet, nûgje wy jim fan herten út ús folsleine programma te sjen op tiisdei 13 juny om 21.00 yn ’e Molewjuk. Jo meie wol tinke ‘wat in nuvere tiid’, mar dat is nei ús kofjeskoft. Kinne wy earst noch efkes oefenje. Wy sjogge jo graach!

Oant safier, tenei mear,
Martsje