Nijs – febrewaris 2017

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Samar alwer in eintsje op yn 2017, wat giet de tiid wer hurd. Wy ha mei elkoar in prachtich krystkonsert hant en ek it jierlikse Federaasjefestival hat wer west. Efkes mienden wy dat dit de lêste kear wêze soe as Federaasje Menameradiel, want yn 2018 wurde wy ommers part fan de grutte gemeente De Waadhoeke, mar nee, ek yn 2018 sille wy noch mei de korpsen fan Menameradiel mei elkoar in jûn spylje. Prachtich. It is altyd in moaie jûn, dêr ‘t wy mei elkoar hearre en sjen litte hoe moai as it is om mei elkoar muzyk te meitsjen. Der binne net in soad gemeenten dêr ‘t safolle korpsen binne dy ‘t har dan ek allegearre presintearje sa ‘n jûn.

Maitiidskonsert

It is fêste prik dat wy by it Federaasjefestival efkes koart wat hearre litte út it program fan it donateurskonsert, dat meastentiids ein maart, begjin april plakfynt. Dit jier is dat op Sneon 1 april (gjin grapke fansels), om 20:00 yn de PKN-tsjerke yn Bitgummole. It wurdt in jûn mei twa gesichten. Of eins mei trije, want jim hearre dan ek Eenhoornbrass, ús projektorkest foar jeugd út de wide omkriten. Fan Tsjommearum oant Britsum en fan Nij Altoenae oant Wurdum, rûnom komme se wei. Mei elkoar wurkje se ta nei it Gouden Spiker Festival yn Oerterp, dêr ‘t se útkomme yn ‘e fyfde divyzje.

Rommelmerk

Libbe is lykas as wenst al wer it hiele jier op paad om âld guod op te heljen foar ús jierlikse rommelmerk. Ferline jier ha wy foar it earst op it terrein fan de Molewjuk merk hâlden en hoewol ‘t wy yn it begjin wat benaud wienen oft jim ús wol fine koenen, witte wy no dat it wol klear komt dêr op it Molewjuksplein. Dêrom hoopje wy ek dat jim dit jier wer manmachtich opsetten komme wer foar in tige geskikt pryske it moaiste guod te skoaren. Dat moaiste guod moatte wy fansels al biede kinne en dêrom freegje wy jo: wolle jo ferhúzje? Oprêde? Ferbouwe? Of ha jo famylje, kunde of buorlju dy ‘t graach fan harren guod ôfwolle? Efkes skilje: 058-2531705 en Libbe hellet it fergees op, ek fier bûten de gemeentegrinzen. Tink net: ‘dat is grif neat mear’, wy ha der grif plak foar.

Toon Toeter

Yn jannewaris is ek it Toon Toeter-projekt wer fan start gien. Us koperdosint Gatse Hylkema giet alle moandeitemiddeis nei CBS Mooitaki om dêr by de bern fan groep 5 harren leafde foar muzykmeitsjen oan te wakkerjen. It is alle jierren wer in aardichheid en meastentiids hâlde wy der ek noch wol in pear learlingen oan oer. It is ús takomst!

Eareleden

Begjin febrewaris ha Ruurd Mollema en Trienke van der Heide út namme fan it bestjoer nei Berltsum west, nei Syds en Gryt Rondaan. Libbe en Reintsje Dijkstra ha ek efkes mei west. It wie in noflike middei en de ferrassing wie fansels grut doe ‘t de beide hearen hearden dat se, fanwege harren grutte ynset foar it korps yn de benei 60(!) jier dat se lid west ha, beneamd waarden ta Earelid. As bestjoer binne wy wiis mei al ús leden, mar Libbe en Syds binne suver de ‘korspheiten’ en wy binne dan ek grutsk dat wy harren op dizze wize tank sizze koenen foar alles wat se altyd dogge foar ús feriening.

Oant safier, tenei mear,

Martsje