Nijs – maaie 2016

Nijs fan Brassband Looft den Heer

Sa, de rommelmerk sit der op en as jim dit lêze, ha jim as it goed is de tún wer fol geraniums. Prachtich. Wy fûnen it wol spannend, dit jier. In nije lokaasje, koenen se ús noch wol fine? Min waar , sei Piet, soenen se wol nocht ha om ús te sykjen? No, it antwurd wie: JA. Mei grutte letters. It wie swart fan minsken en elk tôge wer mei hannen, kroaden en bussen fol guod nei hûs. Alderferskuorrendst, wat kin men dan noch in soad brûke. Geweldich! In spektakel fan jewelste. Tige, tige, tank frijwilligers, wat ha jim in hûd fol wurk fersetten. En tige, tige tank, Molewjuk, dat wy hjir te plak koenen.

Nije dirigent

Ik hie earder al ferteld dat wy nei dit seizoen ôfskied nimme fan ús dirigent Paulus. Yn ‘e tuskentiid hat der in kommisje fan ferskate korpsleden socht nei in geskikte kandidaat en dy ha wy ek fûn. Wy ha twa jonge dirigenten op proefdireksje hant en se foldienen ús beide goed, mar úteinlik ha wy keazen foar Gijs Heusinkveld. It is in jonge dirigent út de Achterhoek, dy ’t wennet yn Grins, mar him it Frysk sa goed eigen makke hat, dat wy amper trochhienen dat er hjir net wei kaam. Gijs en wy ha beide in soad sin oan ‘e nije tiid dy ’t foar ús leit. Nei de simmer komme jim sels ek mei him yn ‘e kunde.

Solistekonkoers Menameradiel

Je soenen it fan alteraasje hast ferjitte, mar op sneon 16 april hienen wy in solistekonkoers yn Marsum. Dêr dienen út de hiele gemeente wei in hiel soad bern oan mei fan begjinners oant ‘kinners’. It is altyd in aardichheid om te sjen en te hearren hoe ’t dizze muzikanten har ynsette om hjir sa moai mooglik te blazen. Sjuerylid Durk Lautenbach hie dan ek de hannen wer mear as fol om hjir kommintaar op te jaan en om elk de punten te jaan dy ’t hy of sy fertsjinne. Mar hy docht it mei in soad wille en dat kin sa ’n dei ek net oars, fansels.

Der wienen in soad fan ús leden dy ’t mei in priis nei hûs gongen:

Blazers, studearjend foar A:

1e Roas Kuipers, 91 punten, mei lof en de kampioen fan ‘e dei

2e Jetze Klaas Dijkstra, 88 punten

3e Susannah van Poppel, 84 punten

Blazers, studearjend foar B:

1e Tijs Dijkstra, 87 punten

2e Fransje Meijerink, 86 punten

3e Douwe Dijkstra, 85 punten

 

Blazers, studearjend foar C:

1e Rutger Mollema, 90 punten, mei lof

Konsertfestival Borkum

Op 11 juny oansteande blaze wy op Borkum op it konsertfestival. Wy spylje dêr as grut wurk Thyellene, fan Kevin Houben. In stik dat ús earst wat nuveraardich oandie, mar dat ús hieltyd better begjint te passen. Wy ha der in soad sin oan. Ek ús jeugd sil mei, dat wy ha de bus wer grôtfol.

Oant sa fier, tenei mear,
Martsje de Jong