Welkom

Looft den Heer kampioen yn de 3e divyzje!

Wylst ik dit skriuw, sit ik te bekommen fan it feest freedtejûn 26 oktober yn Tivoli Vredenbrug yn Utert. Want feest, dat wie it. Wy waarden foar it twadde jier op rige kampioen fan Nederlân yn ús divyzje en dêr binne wy ferskriklik wiis mei. It stik ‘Viking Age’ lei ús, dat hie ik earder al skreaun, mar soks moat dan altyd noch al efkes dien wurde dêr op op dat grutte poadium. De earste try-out wie knap, de twadde ek wol, mar de generale rippetysje tongersdeis wie min. Mar doe’t it der om spande wienen wy allegearre goed wekker en wat hienen wy der in sin oan. De earste noat stie as in hûs en wat der efteroan kaam ek. Noch foardat de lêste noat útspile wie, begong it publyk al lûd te klappen en sels wisten wy dat wy moai spile hienen. Allegear wienen wy der oeral fan en de earste resinsje op ynternet en de reaksjes fan guon dy’t ús heard hienen, wienen ek unanym: dit wie skitterend west. Hoe moai is it dan as de sjuery dat ek seit en je mei trije punten foarsprong op de nûmer twa kampioen makket. De útbarsting fan lawaai dy’t wy doe produsearren, dêr soe mannich viking fan op ’e rin gongen wêze, dat kin ik jim wol fertelle.

Krystkonsert

Hjir en dêr ha wy alris wat stikken fan it programma trochspile foar ús grutte krystkonsert fan Snein 16 desimber, jûns 20:00  Dat wurdt ek wer in hiele moaie jûn, mei foar it skoft wat klassikere (kryst)muzyk en nei it skoft swinge wy de krysttiid yn ’e mjitte. Dat dogge wy mei sjongeres Gezina van der Zwaag, dy’t ûnder mear hiel bekend is fan de prachtige útfiering fan Gabriella’s Liet, mei Brassband De Bazuin fan Oentsjerk, de Fryske ferzje fan it bekende Gabriella’s sång út de film As it is in heaven.

De yntree foar dit konsert is €7,50 en de kaartferkeap begjint op moandei 3 desimber by Bakkerij Friso yn Bitgummole. Dat binne moaie presintsjes foar Sinteklaas! Bern o/m 12 jier ha fergees tagong.

Promskonsert

It grutte slútstik fan dit jier wie it Night of the Proms-konsert, by de fiver yn Bitgum, op freed 6 july. It wie in machtich, swingend spektakel dêr op dy Doarpsgreide mei meiwurking fan Eelke No Cash & The Bankrupt Boys, Joubrich van der Heide en Harmen Schiphof. Sjug yn ús fotogalerij foar foto's fan dizze jûn of besjug in filmke fan de klassieker 'The Ring of Fire' fia dizze link op youtube.

Looft den Heer grutte winnaar Surventobrass

Yn it wykein fan freed 15 en sneon 16 juny ha wy wer meidien oan it Surventobrass festival. Dit wie in entertainmentwedstryd en dus ha wy in showprogramma brocht fan in healoere. Dat ha wy ferline jier ek dien en dat fûnen wy prachtich. De sjuery ek, dat makke it noch moaier. Ek dit jier wist de sjuery ús optreden sear te waardearjen, mei in overall 1e plak ta resultaat! Us hulp op bugel, Rianne Looyinga, wist de solistenpriis te bemachtigjen. Ek foar ús jeugd, dy´t de dei dêrfoar oantrede moasten, wie it festival in sukses, sy gongen der mei de entertainmentpriis fantroch.

Sjug foar alle foto´s yn ús fotogalerij

Skoalleprojekt 2018

It skoalleprojekt is wer mei in moai optreden ôfslúten