Welkom

Nijs fan Brassband Looft den Heer

It earste fearnsjier fan 2024 sit der alwer op en it yn dizze moannen ha wy as feriening alwer hiel wat
hichtepunten byskriuwe kinnen yn ús dochs al sa rike skiednis.
Yn it foarste plak – it moaiste nijs dat wy bringe meie – binne ús dirigint Gijs en syn Gineke op 13
maart de grutske heit en mem wurden fan in prachtich leaf en sûn lyts famke: Jinthe Alyke
Heusinkveld. No, sok moais, dêr kin neat tsjinop. Wy sille meikoarten mar ris in lyts toeterke dat út
bringe: in muzikale heit en mem, dan komt it mei Jinthe ek wol goed. Want no is se noch lyts, mar
foar dat heit en mem it troch hawwe, dogge se foar it earst mei oan in jeugdsolistefestival. Sjoch
hjirûnder mar ris, want ús learlingen koene op 16 maart yn Sint Anne meidwaan oan it jierlikse
solistefestival fan federaasje De Waadklank. Looft den Heer levere de helte fan alle dielnimmers dêr
– wy hawwe wilens 18 learlingen – en sadwaande kamen der ek aardich wat prizen wer dizze kant út.
No neame wy dus de priiswinners, mar alle dielnimmers hawwe hiel moai spile, it is al hiel knap as je
dêr stean, hielendal allinnich yn it folle ljocht, foar in sjuery en ek noch in pear rigen publyk.
Jorrit Dijkstra, dy namme kenne jim grif noch wol fan myn ferslaggen fan ferline jier, helle de
heechste skoare fan alle dielnimmers en krige dêrmei de beker foar ‘It talint fan ’e dei’.

Festivaldivyzje:
1e priis – Wietse Rondaan, 7 jier, op kornet (86 punten)
2e priis – Rients Tigchelaar, 9 jier, op bariton (85 punten)
3e priis – Rik Rondaan, 9 jier, op trombone (84 punten)

5e Divyzje
1e priis – Mirte Dijkstra, 9 jier, op kornet (84 punten)
2e priis – Thyme de Haan, 9 jier, op kornet (83,5 punten)

4e Divyzje
1e priis – Jorrit Dijkstra, 11 jier, op kornet (87 punten)
3e, 2e en 1e divisie:
3e priis – Naomi Schaaf, 16 jier, op kornet (84 punten)

Bûnskonkoers
Op sneon 9 maart lêstlyn moasten wy mei it grutte korps oantrede op it bûnskonkoers yn Drachten.
Dat wie spannend, want oh, ús Gijs syn Gineke wie ek hast oan it útpakken ta, en in berntsje krije is
moai, mar leaver net as wy op konkoers sille. Jim ha it hjirboppe lêzen, de timing wie perfekt.
Middeis om itenstiid hinne wiene wy oan bar en ha wy de trije stikken (Abide With Me, Lakeland
Variations en Lions of Legends) hearre litten. It poadium yn De Lawei is altyd wat lestich, de akoestyk
is ‘drûch’, sa’t wy dat neame, je ha it gefoel dat it lûd samar wei is. Dochs ha wy wer knap spile, want
mei 88,67 punten hellen wy in earste priis, mei rjocht op promoasje nei de 1e divyzje. Dat dogge wy
net hear, wy ha al klauwen oan de 2e divyzje, mar wy binne wiis mei dit resultaat.
Nei it bûnskonkors binne Jorrit en Ilse Dijkstra (fan Hans, fan... jim witte it wol) oanskood by ‘it grutte
korps’. Sy blaze tredde kornet en jim kinne se foar it earst hearre by de Pinkstertsjinst op it Poptaslot,
19 maaie oansteande.

Rommelmerk
Noch in pear wike, dan is it safier: de alderlêste Rommelmerk fan Looft den Heer. Dan kinne jim
einlings biede op de mummykat fan Libbe. Jim moatte der al by wêze, want út it hiele lân wei reint it
reaksjes op dat bist. Dat docht ús goed, want blykber is de útstjoering fan Hea dêr’t dit yn te sjen wie,
goed besjoen troch Friezen en Friezen om utens.

Mochten jim gjin belang ha by in opdrûge poeke, dan kinne jim fansels jim hert ophelje by it
‘Draaiend Rad’, sneupe tusken boeken, klean, potten en pannen, elektrysk, boartersguod en
krystfersiering, of sjen hokker skatten der dizze kear te keap binne By Opbod!
De rommelmerk begjint om 13.00 oere en wy witte út ûnderfining dat de earste entûsjastelingen dan
al in moai skoft achter it readwite lint stean te wachtsjen oant it sein komt dat se deryn moatte en se
har wylde sprint ynsette kinne nei wat sy it aldermoaiste fine.
Kalm oan dwaan kin ek? Keapje in stoel yn ’e meubelhoeke en jou jo del mei wat drinken en in
Janburger, dan ha jou in gouden middei. It kostet jo de kop hjir net, der binne wol djoerdere
adressen om út iten.
Mochten jo no sels ek noch wat kwyt wolle – âld izer of sa – skilje dan Libbe efkes (2531705). Dy
hellet it op en as dat sa útkomt ferkeapet er it jo ek like hurd wer werom.

Slotkonsert
It slotkonsert fan dit jier is op sneon 29 juny op it Molewjuksplein, dat hie ik de oare kear al sein. It
wurdt in jûn dy’t oars is as oars: it korps spilet, de Keltyske Folkband Gaeldr spilet en der is iten en
drinken by. Wy begjinne dus ek earder as oars, want jim kinne op it plein wol sêd. It hoe en wat
hearre jim yn de folgjende Doarp en Sport.

Oant safier,
Martsje